Ferjitlikens

In stel fan fierhinne njoggentich wurde de fermogens allegearre wat minder by, útsein it ferjitten — dat giet dat it slydjaget. Dokter hat by harren lêste konsult sein, dat se beide fysyk noch aardich meikomme kinne, mar dat it in goed idee wêze soe en skriuw dingen del, as help foar it ûnthâld.

De jûns by it tillefyzje jout de âldman him oerein en seit: “Ik haw ferlet fan wat. Wolsto ek wat hawwe.”

“Wolst in skealtsje iis foar my meinimme?”

“Doch ik.”

“Soest it net efkes delskriuwe,” freget se, “mei´tst it net ferjitst.”

“Och heden, nee. Dat kin ik noch wol ûnthâlde.”

“Mar ik wol der al in pear nije ierdbeien op. Dat skriuw it dochs mar efkes op.”

“Dochst krekt oft myn ferstân in gatsjepanne is. In skealtsje iis mei ierdbeien — dat kin dizze jonge noch wol ûnthâlde, hear.”

“Ja, mar ik wol der ek slachrjemme op. Dat skriuw it dochs mar efkes del.”

De holle wurdt him no koart en hy stoot op: “Dat hoecht net, ju! Iis mei ierdbeien mei slachrjemme. Klear!”

Hy syksokket nei de keuken en komt in goed healoere letter werom. Hy triuwt har in board yn ´e hannen mei in bakt aai en strypkes útbret spek.

Hja sjucht him alhiel feralterearre oan en seit: “Sjuchst no wol, hiest it delskriuwe moatten, kloat fan Dokkum! Hast it brea ommers fergetten.”

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. juli 16, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]