Ferjit dyn ûnderbroek net!
Maria en ik helje ús pak molke of in pûn sipels by de winkelman 25 km fierderop. Mar ien- of twaris yn ’e moanne ride wy nei de supermerk yn it haadplak, 80 km hjirfandinne. Dat gong juster ek wer oan …
Mar, doe’t wy it parkearterrein by de Lidl opdraaiden, kaam der ynienen in gerattel ûnder it auto wei dat it sta sei. En de parkearplakken dy’t beskade wiene, allegearre beset fansels.
It is hjir yn Portegal op it heden fan dat typyske maitiidswaar — kâlde nachten, mar oerdeis rint it pik út ’e naden. Offisjeel hjit it dan wol 23 graden te wêzen, mar dy temperatuer hellet men allinnich by 100 km yn ’e oere. As men stilstiet, rint it klokje hurd op oant boppe de 30.
Ik fyn in plakje yn ‘e bare sinne.
Ik moat dochs mar efkes ûnder it auto sjen wat der wan is, sis ik tsjin Maria, want sa komme wy net thús. Giesto ferfêst mar yn ’e rige stean …
Hin?
Ja, men moat op it heden — útreden dy pandemy — efteroan de rige foar de doar stean gean. Alle kearen dat der in klant nei bûten komt, mei der ien yn, sjuch …
Watsjo? O, bedoelden jo dat? Wêrom’t ik hieltyd ‘it auto’ sis.
O, dat komt om’t ik it noch jimmer as in ôfkoarting beskôgje fan it automobyl. Dêrom sis ik bygelyks ek noch it radio(tastel), it tillefyzje(tastel), it tillefoan(tastel) ensafuorthinne …
Hin?
Ja, ik bin wat in apartenien. Mar dat wisten jo ommers al! Mar, ik soe fertelle …
Dat Maria kriget in winkelkarke en slút efter yn ’e rige oan. As se in moai skoft letter mei in strikende folle karre de winkel út komt, sjucht se in keppel froulju om ús auto hinne stean. Hoenear’t se tichterby kommen is, sjucht se myn hierrige skonken ûnder de auto wei kommen. De iene piip fan myn koarte broek is ûnder de wurken wat opstrûpt en it gânse klok- en hammerspul leit my bleat.
Dy oelewapper hat fan ’e moarn werris gjin ûnderbroek oantein, ornearret se yn ien eachopslach.
Moai ferlegen mei de sitewaasje giet se yn ’e hoksen en befoddet my … ehh, ‘it spul‘, lit ús mar sizze.
Hawar, as se lang om let fynt dat it sa wol kin, komt se oerein, draait har om en sjucht daagjend en sûnder mei de eagen te kniperjen it hear oer.
Dan sjucht se my tusken de froulju stean …
Watsjo?
My giet it wol goed mei, ja. Tankewol. Dy’t bûter op ’e holle hat, moat net yn ’e sinne stean gean, no. It auto is ek wer klear. Mar de garaazjeman moasten wy mei nei dokter ta — seis(!) krammen yn ’e foarholle.
80 km hiérre way, ôff.
ûnder DE auto way, ’t mobiiltsje, de TV, de radio.
Portegies, Poàrtegaal & Spanjen by R’daam.
Up ’t hjoed? Heûteday.
Begriip ’t (?) Graazjemân-tsje nèt. ’n Liitse mân?
Seis crammen throagh dii âs Neuf Preux, ‘reus?
Of throagh ’n slagh fon Marije?
Wat tochtsto sels, heite?