Ferbliede

As men yn in sikehûs wurket, makket men somtiden nuvere dingen mei. Sa kaam my in jier as fjirtich lyn it folgjende oer … Nee, haw mar gjin noed, hear, ik wie inkeld skjinmakker. Net ûnbelangryk fansels, yn in sikehûs, mar immen mei in skaainamme as dy fan my wurdt wier-wier wol by de flimen wei holden – lit stean dat ik tagong hie ta de operaasjekeamer.

Der wie ris in famke mei in seldsume syktme dy’t deadlik plichte te wêzen. Har bruorke fan seis, dy’t oanhelle west hie mei deselde krupsje, hie – itjinge noch seldsumer wie – antylichems útset en wie it wee oermânsk wurden. Dat de iennige kâns op ferwin foar it famke like in transfúzje.

Dokter lei yn ’e wachtkeamer, dêr’t ik op dat stuit krekt oan it rakken en himmeljen wie, de sitewaasje út oan ’e famylje en frege doe oan it boaike oft er ree wie en jou syn suske syn bloed. Frjemdernôch stie it jonkje lang yn bestân. De âlde lju waarden suver wat wrantelich. Ik ek, hear, wol ik wol earlik tajaan. Ik bedoel, wa moat it no sa djip yn him omgean litte as er de kâns kriget in famyljelid te hoedzjen foar de dea?
Mar doe wied er ynienen út ’e rie en knikte beret fan ja.

Neigeraden de transfúzje har beslach krige, kaam de kleur werom op ’e wankjes fan it pasjintsje. Wy wiene út ’e skroeven …
Hin?
Ja, ‘wy’, ja. Net allinnich de famylje, nee, want ik-sei-de-gek stie der fansels wer op kop en earen by en de blidens spatte my yn ’e eagen, wit ik noch. It poallemantsje dat op it bêd njonken syn suske lei, glimke foldien.
Doe’t dokter by him seach en him oantreastgjend mei de hân oer it hier struts, frege er sêft, mei trilderich lûd: “Dokter, hoelang duorret it no noch foar’t ik dea bin?”

Dit vind je misschien ook leuk...

5 reacties

  1. Dauwe fon der Meulen schreef:

    What soe mi bewege Om: ’n famke Har, te ferbetterjen iin:
    ’n famke Siin? Oh, om Sie – siin, Hie, hje – h(j)ar, symmetry.
    Ânti-lichem mey -i. De iénnichSTe all tieten. Gjin “iénnige”.
    Boai (jonge) en boi (fôle) binne ferkeard’om iin wördbook,
    ’n boyke, a boy, Sw. poike. Ik bedoel, wha moàt … – nèt 2 x.
    De kâns Om. Hi tocht – tink – dât er all siin bloed jaan soe!
    Neigeraden’t? Mei thrillerigh loed: gjin spaasje. ’n Skriller?

  2. Dauwe fon der Meulen schreef:

    Smiet dit inkeld up: 2e ‘moàt’ fuort?
    Suske havve wi all, gjin sus. Suster.
    Boy, L. Veiovis, Boy Jove. Beewolf?
    Boaij, Equ-us ca-ballos, cheval, cob.
    NFri. äkj, ök, hoars by Stûte – hoppe
    merje, märe, iin Snaak Frasch, iinter-
    friisk Leksikon. ‘Kêde, *quette, cod?
    Wallach(ije), ros. Hippo, E’pona, -ey.
    Okkebield, horsmakriel. Davi de Kid

  3. Jaap Slager schreef:

    Jawis, lytse bern (en ik-sei-de-gek) fersteane in utering letterlik/wurdlik.
    Dat dat bloedsje tocht, dat er ferbliede soe. Mar, bloed is bloed (famylje is famylje) op it lêst, tocht er, want dat wie him sa ferteld. En it antlit fan syn âldelju koe der wol út opmeitsje, dat hja de skealjen trochslaan lieten tsjin SYN libben.
    De wrâld is in fetfol misbegryp, sa’tst witst. Dat komt om’t de lju ferskuorrende sleau binne yn har uterings (net oan tiid, gjin nocht oan ensafh). En (sensibele) bern hawwe troch de bân de ûnderfining dat grutte minsken fuort op ien ein binne, at wy freegje om tekst en útlis. Sa leare wy en folje de ûntbrekkende ynformaasje sels yn op de puntstreekjes. Sadwaande, sjuch.

  1. maart 4, 2018

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]