Farwol, dokter Slager!

Men sjucht se ek wol ris yn it wyld, mantsjes dy’t harsels geweldich fine. Prachtich fyn ik soks.
Dat haw ik altyd wol wat hân, sjuch, heech opsjen by lju dy’t dingen kinne dy’t ik net kin. Freegje my net wêrom! It sil wol komme om’t ik sels nearne geweldich yn bin.
Minsken sizze wol ris tsjin my, hear: ‘Wat bist do goed yn …’ En dan komt der meast eat efteroan dat wakker gewoan is … eat dat eltsenien wol kin, bedoel ik, en dat neat om ‘e hakken hat.
Ik neam mar wat … Ingelsktaligen dy’t sizze: ‘Godskes, wat praatst do goed Ingelsk!’ Inkeld en allinne om’t men fan en ta ‘Yes!’ of ‘No!’ ropt. It sil wol goed bedoeld wêze, hear, mar men kin soks net earlik serieus nimme, no?
Of Hollanners dy’t sa’t skynt in brune earm by jin helje wolle: ‘Wat kinsto goed Hollânsk, ju! Sa’n grutte wurdskat!’ Sjuch, dan sis ik der by mysels skeetsk efteroan: ‘… foar ien dy’t syn memmetaal it net is.’

Mar doe stie ik ynienen foar de kar, doe’t ik fan skoalle kaam. Wat moast ik doe? Dêr hie ik noch nea oer prakkesearre. Ik koe ommers neat. It wie doedestiids in fêste regel dat men studearjen gong. No, fuort dan mar! Mar wat?
As âlde pake my as lyts jonkje frege: ‘Wat wolsto skielk wurde, Jaap?’, dan rôp ik steefêst: ‘Sjirurch!’
Dat lake my wol ta: dokter Slager.
Ik wit noch dat ús beppe it doe útprúste. ‘No, do hast it mar heech yn ‘e holle, net?’
Dat fûn ik net moai fan beppe. It koe my neat skele as minsken om my laken. Sterker, dan die ik der meast noch in skepke boppe-op. Mar ik hold der net fan as ik útlake waard. Ik wit net, dat die my sear.

Mar, wêr wie ik? O ja, studearjen. No, medisinen koe neat wurde, want ik hie de eksakte fakken falle litten.
Dat … farwol, dokter Slager!
Klassike talen dan. Deade talen falt it net sa gau by op as men dêr net rjucht goed yn is, no? Mar ús heit seach dêr gjin fertún yn. Hy hie wol in punt, want by Gryksk wiene wy mei ús seizen … op in skoalle mei hast twatûzen bern.
Doe kaam er op ‘e lappen mei Nederlânske taal & letterkunde. ‘Nederlânske talen, tink’, ferbettere ik him. Us heit seach nochris goed wat er lêzen hie. ‘Nee, inkeldtal!’ hold er de foet by de kûle.
Wat soe dat wêze kinne?
Hawar, om it koart ôf te meitsjen, it gong om Hollânsk — wat in ôffaller dus. Mar ja, men moat wat, no?

De eksakte fakken koe ik it mei winne fan ‘e stúdzjegenoaten. Ik beskôge alle fakken dy´’t mei grammatika te krijen hiene, as eksakte fakken, sjuch? Mar letterkunde wie myn achillessine … Hoe soe ik ommers witte moatte wat oft skriuwer sus of dichter sa mei dit of dat bedoeld hie? Koe prefester dat net better oan de dieder sels freegje?

Mar goed, dat is dus myn flij — myn fado, om it samar te sizzen: in bytsje mei taal omgrieme. Net te folle yn it Ingelsk of yn it Portegeesk, want dan wurdt it fan fierste folle lju lêzen. Dat binne sokke alderferskuorrendst grutte taalgebieten!
Hollânsk rint men ek noch de kâns mei dat immen hommels freegje sil, wat oft ik mei dit of dat bedoelde. Sa’n geseur!
Leafst yn ús memmetaal dus. Dan litte se my teminsten gewurde, om’t Frysk sa stadichoan ek in deade taal is; it wurdt fan nimmen mear lêzen …
Hin?
No ja, fan nimmen as dij. Mar do bist ek in leafhawwer fan taal.

NDF

Dit vind je misschien ook leuk...