Fan juster
Juster yn ´e jachtweide fan ´e herberch siet ik mei in frommiske oan ´e koarte ein fan ´e L-foarmige taap. Hja hie in pear baas molkenkeamers. Dat ik lústere har yn ´t ear, dat ik rûze koe de hoemannichste fan hokker moanne oft in frouspersoan berne is inkeld en allinne troch har de boarsten te befielen.
Hja leaude der gjin sprút fan, sei se. Mar se gong der dochs foar sitten, seach mijen oer it skouder it hear oer en luts temûk har truike in bytsje omheech, mei´t ik der makliker mei de hannen ûnder komme koe.
Ik fimele, betomke, befielde, boarte en… ik fergeat alles om my hinne.
It begûn har nei in skoftke yn te baarnen en se frege sneedsk: “Toe ju, hast no wol field hokker dei oft ik berne bin, tink.”
“Jawis,” skuorde ik mysels mei tsjinnigens út ´e mimer wei, “juster.”
It koste my in skop foar de kloaten, mar dat mei hinnebruie as men oan de ferkearde kant fan ´e sechstich is.
… fon baar oan’t baar … noch immer oan’t jaar … ? 😂
Grând café De Jaren. Sont ’t midden yiérren 80, oan ‘e
Ôlde Doele-striétte iin A’daam, äfter Hotel de l’Europe
By ’t Muntplain.
SJappie de Haan: GJIN PÖNTSJES oan ’t begjin fon ‘e sin.
Fon Hollânsk baren, Partus, bairn hainen oant liik-bier!
Yét Jimmer oan_’t jaar, uier, b’oàrst, de pe-titen, tepels
binne oer-en, ’n fearn by ’n cow ’n kwartier, ien fiérde.
Suvel-godinne Cybele uut Frygje is Uus Mem – de Cow
Din-duumkes Pessinjenever Idé-bergh Ida iin Turkeye