Famyljestik

Leave allegearre yn Sweden,

Ja, Pyt, it himd is neier as de rok – in minske tinkt no ienkear alderearst oan himsels. Likegoed moast ik wol gnize doe´tst lêsten oan it tillefoan seidest: ´Ik kin wol fernimme dat ik âlder wurd, hear. Ik wurd wat gauwer wurch.´ Och heden, tocht ik by mysels, ik bin tritich jier jonger en ik kin suver net mear oerein komme út ´e stoel. En as ik falle soe, lis ik yn ûnmacht. 
It is wat, hear, as men ien skonk net brûke kin. Mar ja, dat is al hast twa jier sa. Dat ik haw al omstean leard. 

Likegoed wol nuver, net. Doe´t ik foar twa jier op it berje fan goed seis man de Earste Help yn droegen waard, ferge ik dokter fuort op ´e hulten en bulten yn ´e lofter bilbonkespier: ´Der is wat skuord, ik wik it dy!´ Nee, dat wie net sa, waard my to witten dien nei´t der withoefolle radiografyske foto´s nommen wiene. ´Bekoar, iis en krukken!´ wie it beskie. 
Sa waard ik nei hûs ta stjoerd. Hiene se doe de krekte diagnoaze steld, dan wie ik fuort operearre wurden – net foar in keunstknibbel, mar oan in skuorde sine. 
Mar, wat foarby is is foarby. De knibbelsine is der net mear – it lichem rêdt him sa´t skynt mei dingen dy´t net mear brûkt wurde.
Dat doe´t ik okkerdeis foar de withoefolste kontrôle by de sjirurch wie dy´t my foar trije moanne werom in keunstknibbel oanmetten hat, frege ik him by de noas lâns wêrom´t ik my de lofterskonk noch hieltyd net foarút strekke kin. En doe andere er sa bedaard as in âld skoech: ´Om´t der net in knibbelsine mear is, ju. Hawwe wy by de operaasje al sjoen.´´No ha wy de hichte,´ wie ik alhiel fan ´e wize, ´dat hiest my fuort neitiid ek wol fertelle kinnen, heite! En no?´ ´No neat! Dy sine is der net mear! En der binne noch gjin keunstsinen.´´Dus ik sil my de skonk nea wer foarút strekke kinne?´ Hy skodholle. ´Mar,´ die er sabeare ferheard, ´dat koene jo foar de operaasje dochs ek al net!?´
Ofwaaid praat fansels. Mar ja, dy man kin der fansels ek neat oan dwaan dat der doedestiids in foute diagnoaze steld is. Taakferdieling, no!? Ik haw lêsten wakker beard oer de Portugeeske sûnenssoarch. Ja, ik kin it moai belulle. Ik hie my better de bek hâlde kinnen. Hawar, artroaze sil ik yn alle gefallen net mear krije, oan ´e nije knibbel.
Dat kin nammers ek de reden wêze, dat Froukje langer neat fan ´e kant fan ús Nynke fernommen hat – hja hat in nije heup krige, sjuch. Ja, in nijsgjirrich erfskipke fan ´e Kingma-kant. Guon famyljes sitte fol jild, wy sitte fol artroaze. Hawar, it bern is der, it moat rêden wurde.
Wol spitich dat Pyt mei de biljerterij opholden is. De lêste tsien wedstriden allegear wûn? Silst wol tocht hawwe: Men moat op jins hichtepunt ophâlde! Sa hat altyd winne ek syn útfallen. En no? Fierljeppe?

Hin? Hast gelyk: net leaf fan Jaap! No, dan sil ik ek mar ophâlde.
O, wachtsje. Pyt hie it oer it feroarjende klimaat. En dat it op it heden gjin winter mear is by jim yn Sweden, en de jongelju skielk gjin kjeld mear wend binne. It is by ús yn Portugal safierhinne dat de jongelju de wanten al oan hawwe sadree´t de temperatuer ûnder de tweintich sakket. Hawwe jim sjoen dat der tusken Noard-Amearika en Austraalje in ferskeel yn temperatuer is fan benei 100 graden Celsius? Se wolle ha, sokke ekstremen wurde de regel – it nije normaal. 
Mar ik soe ophâlde ommers.


Folle leafs,

Jaap en Maria

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. februari 2, 2019

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]