… falt der sels yn

Hege mêsten hawwe in soad wynfang, tocht ik doe’t ik destiids de krityk fan guon lêzers seach op de stikjes fan stalke Bert Wagendorp. Bert plichte de kollums dy’t er trijeris wyks foar de Volkskrant skreau, ek op syn FB-side te setten. Ik wit net oft er dat noch docht, want ik sjuch net mear nei FB om — men kriget suver oanstriid om jins betrouwen yn ‘e takomst te ferliezen as it minskdom him fan syn domste kant sjen lit. Men kin mar better yn it Frysk skriuwe, tocht ik doedestiids by mysels, yn it foarste plak om’t der gjin harsens mear Frysk lêst en as der guon binne dy’t dat noch al dogge, binne dat grif net de domsten.
Moai betocht, mar… dat hie en hat syn útfallen.

Sa wie der ris ien dy’t my frege, wat oft in stikje oer Portugal mei it Frysk út te stean hie. Wie dat net in fuotbaltrainer, dy’t in kear op in parsekonferinsje frege: ‘Bin ik no sa tûk… of binne jimme no sa dom?’ Sa foel my de haffel dus ek iepen by de fraach wat in Frysk stikje mei it Frysk út te stean hie.

Ik wit net oft it deselde man is (want de namme is my doe… nuverdernôch… fuort trochgongen), mar no is der ien dy’t my freget wat de Earste Wrâldkriich mei ûnderrjucht út te stean hat.
Hy hie my likegoed freegje kinnen wat skiednis mei heden en takomst út te stean hat…
Of wa’t der hjoed-de-dei mei hokker doel — diskear yn ‘e mande mei Frankryk en Grut-Brittanje — fan de Dútske lieder stipe wurdt…
Of wêrom’t Amearika it net op ‘e lea hie en hat om de fan him (mei jild en wapens) stibelearre partij ferlieze te litten.
En, nee, dat hat neat út te stean mei de ferdigening fan it dimmekratyske bolwurk. Dat binne allegearre skynbewegings en falsk fjoer. It is en it wie (en it hat altyd sa west) om’t de brune dat net lûke kin of wol.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. mei 11, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]