Facebook en Facebok, hoefolle skeelt it?

Dut ferhaal is foar lju fan myn ginneraasje dy´t jit net op it netflues hawwe wat Facebook no winliken ynhat en wat it sa bysûnder makket…

Langer besykje ik mei oare lju yn ´e kunde te kommen… hielendal bûten Facebook om. Ik folgje dêr lykwols deselde metoade by dy´t op Facebook probatum is. Dat ik meitsje alle dagen in slachje troch de buorren en fertel oan alleman dy´t ik tsjinkom wat ik iten haw, hoe´t ik my fiel, wat ik de jûn tefoaren útfretten haw en wat ik dy jûns útheve sil. Dêrnei lit ik him of har fotokes fan sibben en freonen sjen, fan myn hûn, fan my oan it túnkjen en fan my foar myn caravan. En ik fertel elkum fansels dat ik slij nei him of har bin…

Wol, ik kin jim fertelle, leave minsken, it docht gâns fertuten! Ik haw al trije dy´t my folgje – twa plysjes en in psychiater.  

Dit vind je misschien ook leuk...