Erf
‘Jimme nimme allinne de minne dingen fan my oer’, plichte ús heit, Jan Cornelis (út te sprekken as Jon Knilles) gauris tsjin ús te sizzen, út ’e gek.
Dat wie net sa fansels, want ús heit koe alderferskuorrendst opspatte – him tsjirgje as in wyld en flokke as in turk. Bytiden sa mâl dat ús mem withoehurd oanstowen kaam, yn ’e ferbylding dat er him skriklik yn ’e finger fike of op ’e tomme klost hie: ‘Wat is der oan, ju?’
En dan wie der winliks neat. ‘It wol net sa’t ik wol. It spikerke knoffelet my allegeduerigen út ’e hannen.’ Ik neam mar wat.
Us mem: ‘En moatst om sa’n wysjewasje sa heislik oangean? De muoite wurdich, ju.’
Us heit, opslach yn in doekje te betearen: ‘Aaa… no… blinder…’
Ik moat earlik tajaan dat ik oer alle boegen ien line luts mei ús mem yn dizzen: Hoe koe in man sa’n fizefazen hawwe om neat? Iksels wie sa goed as bôle – flower power en witwat allegearre: Peace, man! De wrãld hinget net oan ien spiker en men moat jinsels al wat ferjaan kinne.
Tsjintwurdich komt it my gauris oer dat ik alderferskuorrendst opspat. Bytiden sa mâl dat myn Maria yn in feech oanwiskjen komt en my kjel, mei eagen as teepantsjes, oansjucht: ‘O que se passa, pá?’
En dan is der winliks neat. ‘It wol net sa’t ik wol. Dy kompjûter is sa eigenwillich as it skythús fan Bremen.’ Ik neam mar wat.
Myn Maria: ‘E fazes tanto barulho só por isso? Vale a pena, pá.’
En ikke, opslach yn in doekje te betearen: ‘Aaa… no… blinder…’
Ikke ús heit ferlern?
Us heit sit my yn moarch en bonken, ju. Of sa’t Amália it folle moaier as ik yn wurden fetsje koe: ‘Dentro do meu peito tu estás sempre comigo.´
Hear Slager,
Ik mei jo stikjes, pingbacked troch Ensafh, graach lêze. Dizze is in boppeslach!
Tige.