Endemolsk (3)

F: Hokker feroaringen yn it taalgebrûk waakse Jaap yn ‘e eagen?
A: Och, de measte dingen feroarje ik my net om. Guon dingen steure my bytiden. Jan neamt der no sels ien…
F: O?
A: It Ingelsk is besibbe oan it Frysk. Dêrom hawwe in soad meartalsfoarmen dêr in -s. Dat ferskynsel sjucht men ek noch yn Grins, al wurdt dêr al hast fiifhûndert jier gjin Frysk mear sprutsen. Mar men hat der yn ús memmetaal op it heden in aard fan en foarmje it meartal mei -en as it heal kin. Ik haw der grútsjen fan heard dat soks dien wurdt mei’t de bern makliker Endemolsk leare.
F: Mei’t? Neffens my is dat gjin Frysk. Neffens my bedoelt Jaap ‘sadat’.
A: Is dat sa? It soe kinne dat ik in gen fan in hantsjemier yn ‘e bealch haw. Mar dêr neamt Jan alwer wat…
F: O?
A: De Endemolske gesetheid in sin mei in ferhâldingswurd te begjinnen. Soks wurdt yn it Frysk folle minder dien. Bywurdlike bepalings wurde bygelyks yn it Ingelsk ek net foaropskood.
F: Mar wat as men de klam dêrop lizze wol?
A: Dat soe kinne. Hat Jan dêr in foarbyld fan?
F: Uhhh… bygelyks op de fraach ‘By hokker restaurant ha jim iten?’ soe men anderje kinne: ‘By de sinees ha wy iten?’
A: Ja, sa! Ik soe lykwols de fraach al oars steld hawwe. ‘Hokker restaurant ha jim west?’ En it antwurd soe dan wêze kinne: ‘De sinees ha wy by iten.’ Mar sokke dingen waakse my net yn ‘e eagen, hear. As men besiket Frysk te praten en te skriuwen, fyn ik it allang prachtich. It wurdt minder as men it Endemolsk as taal fan útgong nimt.
F: Hat Jaap dêr in foarbyld fan?
A: Immen lei my ris út dat it fan de Endemolske stavering ôfhinget oft men in ‘û’ of in ‘oe’ skriuwt.
F: Dat is inkeld in ezelsbrechje, man!
A: It kin as weetsje bedoeld wêze, mar it skuort net út dat de stavering fan guon wurden sûnt feroare is.
F: Wat my opfalt, is dat Jaap syn stikjes nea ofte ninter in tomke krije.
A: In tomke?
F: In opstutsen tomke… op FB. Jaap syn stikjes binne dochs faak op FB te finen?
A: Is dat sa? Dat sil dan wol komme om’t net ien der wat oan fynt…
F: … of se net iens lêst, bygelyks om’t se te dreech fûn wurde.
A: Dat soe kinne. Ik skriuw om ‘e niget, net om’t in oar der wat fan fine moat. Men mist earst wat at it der net mear is. Alteast, sa gong my dat. Dat sil guon Friezen rjuchtallyk fergean, hoenear’t ús memmetaal der skielk net mear is.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. december 10, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]