Endemolsk (2)

F: Jaap hat it no oer de ynfloed fan it Hollânsk… uhh, Nederlânsk op it Frysk, mar binne der ek foarbylden fan oarsom?
A: Ik skriuw altyd fan ‘gisteren’, mar okkerwyks wie der in Amsterdamske útjouwer dy’t dat yn in manuskript fan my feroare hie yn ‘gister’. Moai, net? Boppedat skiede wy yn it Frysk alles wat skiedber is. Dat bart yn it Hollânsk folle minder. Mar in oare útjouwer hie myn ‘Geen idee waarover het gaat!’ feroare yn ‘Geen idee waar het over gaat!’ Mar, de ynfloed fan it Hollânsk op it Frysk is spitigernôch folle grutter.
F: Hoe is ús memmetaal sa yn ‘e flotgerzen rekke neffens Jaap?
A: Dat hat in assimilaasjeproses west.
F: Hoe bedoelt Jaap dat?
A: Libben guod past him oan oan syn fermidden. Doe’t alles om ús foarâlden hinne noch Frysk wie, wie it net mear as logysk dat foar nije ferskynsels Fryske wurden en beskriuwings socht waarden. Harren om-en-by easke dat. Neam it groepstwang om my. Us ginneraasje en dy’t nei ús kaam, dy’t fan hûs út noch wol Frysk praten, waarden, sadree’t wy bûtendoar kamen, bombardearre mei Hollânsk. Alle learstof op skoalle wie yn dy frjemde taal. Winkelpersoniel waard wat langer wat mear hjitten en praat Hollânsk. En thús wiene de krante en de útstjoerings op radio en tillefisy yn it…
F: Ja, ik haw al wol byld no.
A: Dat de nije ginneraasje groeit op mei âldelju dy’t ‘heel blij binne dat it luchtafweergeschut derfoar soarge hat dat der fannacht yn Utrecht gjin deaden of gewonden fallen binne.’ Ik neam mar wat. In libben organisme bliuwt troch seldieling by de tiid – âlde sellen stjerre ôf en dêr komme nije foar yn it plak. Mar as in taal hinnegiet en nim wurden foar nije ferskynsels út in oare taal wei oer, strûpt er der rillegau ûnder. It wurdt dan in deade taal.
F: Is sa’n proses te kearen?
A: No, net fan mij yn alle gefal. As ik besykje foar in akteweel ûnderwerp in Frysk wurd op te tinken, dan wurdt dat mar overdreven fûn – net oerdreaun, mar overdreven – want der is ommers al in geef Endemolsk wurd foar. Ik haw ris ekere dat it in moai stik bûter yn ‘e brij wêze soe, as inkeld de krantekoppen yn it Frysk wiene. Dat soe de minsken teminsten oanknooppunten jaan en besprek it barren fan ‘e dei yn har memmetaal. Mar as de grutste kultuerdrager fan in lân skyt hat oan de eigen memmetaal, dan giet sa’n sprake stadich nei beppekelder. ‘Wij doen niets met het Fries, meneer Slager,’ skreau de Ljouwerter my goed tweintich jier lyn werom.
F: Mar wy hawwe no wol Fryske radio- en telefisyútstjoerings, Jaap.
A: Dat is moai, ja. Mar as men nei it Frysk harket dat dêr bytiden sprutsen wurdt, dan springe de triennen jin yn ‘e broek.
F: No net sa negatyf.
A: Jan hat gelyk. It is goed bedoeld en hja binne op de goede wei.
F: En Frysk op skoalle?
A: Ik wit net oft it fak noch bestiet, mar by Maatskippijlear waarden by ús eartiids aktewele ûnderwerpen besprutsen. Dat fak – at it noch bestiet – soe dus perfoarst yn it Frysk jûn wurde moatte. Mei’t de taal by de tiid bliuwt, sjuch? Dêrom net, as it goed sil, moatte alle fakken yn it Frysk jûn wurde.
F: Ho efkes! En as der guon bern yn ‘e klasse sitte dy’t it Frysk net ferstean of net lêze kinne?
A: Bern sitte op skoalle om te learen. Of net? En fan twataligens is noch nea ien minder wurden. Sa net, om my mei der wol in oerke wyks oan it fak Hollânsk bestege wurde, hear. Allinnich sil it in hiele hys wurde learkrêften te besetten dy’t it Hollânsk noch master binne… al stiet men op in dûbelde kâns yn Fryslân sels, wol my oan.










Dit vind je misschien ook leuk...