Endemolsk (1)
F: Wêrom skriuwt Jaap eigentlik yn it Frysk, as Jaap foar syn deistich wurk yn oare talen skriuwt – meast yn it Nederlânsk?
A: Dat lêste wurd fljucht my de kop fuort al fan op oranje.
F: Hoesa dat?
A: Jan bedoelt dat ik foar myn wurk meast yn it Hollânsk skriuw. Dy taal is allinnich om histoaryske redens, dêr’t ik no fierder net op yngean sil, de lingua franca yn ’e Nederlannen wurden, oftewol de ‘brêge’ tusken in ferskaat oan Nederlânske talen yn it gebiet by de Fryske See lâns.
F: Mar… dan is Frysk neffens Jaap dus ek in Nederlânske taal?
A: Ja, wat oars? Dêrom net, yn alle talen dy’t ik ken wurdt Hollânsk sljuchtwei ‘Hollânsk’ neamd.
F: No, ik bliuw ‘Nederlânsk’ sizzen as ik Hollânsk bedoel.
A: Dan sis ik fan ‘Endemolsk’. Goed?
F: Mar ik haw altyd ‘Nederlânsk’ sein – dat bin ik sa wend.
A: Tsja, ik bin wend om ‘rjucht en sljucht’ te sizzen, mar dan hat Jan wer alderhanne ditten en datten.
F: Ja, want it moat ‘rjocht en sljocht’ wêze. Ommers, as wy ús mei-inoar oan ien stavering hâlde, dan begripe wy inoar it bêste. Is ’t net sa?
A: Dat sil it Nederlânske regear yn De Haach folslein mei Jan iens wêze.
F: Hoe bedoelt Jaap?
A: Ik hearde okkerwyks op Omrop Fryslân trije Fryske sporters ûnôfhinklik faninoar ferklearjen dat se ‘heel blij’ wiene. Net ‘o sa bliid’ of ‘alhiel út ’e skroeven’. Nee, ‘heel blij’. Endemolsk dus! Ien stavering! Jan ‘blij’, De Haach ‘heel blij’!
F: No net sa raar, Jaap! Ik bedoel fansels ien stavering foar it Frysk.
A: Oars sein, lju út ’e Stellingwerven meie gjin Oertsjongersk mear skriuwe. Is dat wat Jan bedoelt?
F: Ik bin alhiel fan ’t sjapiter… en wy binne skraachwurk begûn. Wat wie de fraach?
A: Wêrom’t ik yn linze oerkes yn it Frysk skriuw. Tsja, wat is der mear eigen as jins memmetaal? Doe’t ús mem út ’e tiid wie, ûntduts ik rillegau dat hja yn my fuortlibbe: hja praat fan en ta noch mei my, sjuch? Is dat gek?
F: Perfoarst net. Ik roai dat wittefolle lju dat neifiele kinne.
A: As dat sa is, sille dy lju ek it gefoel neikomme kinne dat as wy ús taal ferslûnzgje litte, wy ús mem kwytreitsje sille… ienris en foargoed. En de wichtichste dingen yn it libben binne no ienkear gjin… uh, dingen.
F: Ik haw noed dat net folle lju dat mei Jaap iens binne.
A: Jan moat de moedfearren net hingje litte. Optimistysk bliuwe – para a frente é que é o caminho!
F: ???
A: Dat is Brazyljaansk foar: De takomst leit foar ús.
F: De takomst fan it Frysk? Dat heart wat nuver út de mûle fan ien waans Frysk – mei alle respekt – frijwat âldmoadrich is.
A: Wy hoege yndied net mei-inoar yn ’t lyk te wêzen oer it paad dêrhinne. Jan syn doel is bygelyks – as ik it goed begrepen haw – ien mandelige stavering oant wy allegearre in foech Endemolsk prate en skriuwe. Sjuch, dat fyn ik – mei alle respekt – wat behâldsmannich, want neffens my is dat it paad nei stilstân. En stilstân is tebekgong. Dizze jonge dolt mooglik net sa djip as Jan, mar myn oanpak soe wêze: it libbene Frysk as útgongspunt nimme foar fernijing. Dus, ophâlde mei it wanneljen fan geef Frysk foar Endemolsk. Want der is gjin werom – wat wy earst mei-inoar ferskronfelje litte, doocht net ta grûnslach foar fernijing. Of bin ik dêr hielendal mis mei?
[tenei mear]
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]