…… en ik fiel my goed

[Nina Simone]

Sintsj’ oan ’e loft
Do witst wat ik fiel
Fûgels yn in kloft
Jim witt’ wat ik fiel
Lyts twirke ûnder ’t skoft
Do witst wat ik fiel
Ik bin frij man
Lyk as dij man
De wrâld laket ús ta ju
Ik bin frij man
Lyk as dij man
De wrâld laket ús ta haha
En ik fiel my goed

Fisk yn ’e see
Do witst wat ik fiel
Boer mei dyn fee
Do witst wat ik fiel
Ut it neat wei idee
Do witst wat ik fiel
Ik bin frij man
Lyk as dij man
De wrâld laket ús ta ju
En ik fiel my goed

Kat yn ’e rêst
Do snapst wat ik mien, hast it heard?
Hûn yn dyn nêst
Do snapst wat ik mien
Yn frede koest it fêst
Dat is wat ik mien
En wat west hat
Dat is moai wat
Mar wat no komt
Dat telt foar mij

Stjer asto riist
Sa witst wat ik fiel
Wei dy’t him wiist
Do witst wat ik fiel
O frijdom asto gniist
Sa witst wat ik fiel
Ik bin frij man
Lyk as dij man
De wrâld laket ús ta ju
En ik fiel my goed

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. Lipkje schreef:

    skitterend fertaald..sa trochgean!!! !

  2. Jaap Slager schreef:

    Tige tank! Muzikant, tink.