Eigen kwea stjonkt net
Heitelânopfretters
Lêstenwyks fong ik in reaksje op fan ien dy´t skreau dat “men yn it Nederlân straft wurdt as men jin oan ´e regels hâldt”.
Hoe dat sa, sloech ik de bek yn dat FB-petear. “No,” joech er my werom, “doe´t ik nei Amearika gong, hold ik kristlik en minnistlik de foet by de miet troch de gemeente soks yntiids te witten te dwaan. Mar, doe´t ik in pear jier letter weromkaam, hie ik ynienen nearne mear rjucht op. Hie ik mar net sa ûnnoazel wêze moatten en hâld my oan ´e regels, knipte de betrutsen amtner my mynhearich yn ´e earen.”
Moai, net!
Lânopfretters, hjitte de boeren amtners al iuwenlang 😊
Molkenbakman
Ik wit net mear oft ik dat earne wei hie of dat ik út mysels fûn dat it sa hearde, mar te maaie fan it jier 2003 tikke dizze jonge oan ´t leket fan it gemeentehûs yn Ferwert.
“Mar wêr sille jo dan hinne, hear Slager?” frege my it frommeske.
No, as it treft tusken Skiermûntseach en it Amelân troch, andere ik, en dan sjuch ik wol wêr´t de wyn my bringt.
“Dan sil ik mar skriuwe: Nei see!”
Dat hiesto nea dwaan moatten, grutte kloat, krige ik neitiid oeral te hearren hoenear´t ik earne lân besyld hie.
Dat, ik bleau leafst mar wat op see.
Asosjaal netwurk
Doe´t ik foar it lapke del de Rio Guadiana in ein opstood wie, stiene de alderbêste stjoerlju oan ´e wâl my al op te wachtsjen: Wat bisto in simpele ju! Men wurdt ommers alle jierren twa persint op jins AOW koarte as men jin útskriuwe lit!
En wat hie ik neffens jimme dan dwaan moatten, frege ik ûnnoazel. Skeet noch dreet?
Om koart te kriemen, ik hie in postadres yn it Nederlân nimme moatten, by broer of suster, want dat diene se ommers allegearre. En dan hie ik net allinnich gjin skea berûn mei myn AOW, ik hie wilens ek noch wol in sosjale útkearing krije kinnen. Hja wisten it allegearre persiis 😊
Mandeguod is skandeguod
Wat bin ik bliid dat ik dêr gjin doel oer hie (en haw 😊)! Ik sjuch it al foar my, hoe´t broer of suster harren bern en berns bern útlizze moat: Dat is post fan jim omme Jaap, jonges – dy besoademiteret de boel, sjuch!
Mar dêr giet it my no net om. Wêr´t it my om giet is dat it my hieltyd wer opfalt, dat de lânslju dy´t it bêste witte hoe´t men de Nederlânske Steat bedrage moat, geanswei it hurdste roppe dat it “dy smoarge bûtenlanners” binne dy´t misbrûk meitsje. Moai, net!
Oars sein, der is neat nijs ûnder de sinne – de ien mei in ko stelle en de oar mei net iens oer de hikke sjen.
Quid pro quo
En it moaiste is fansels dat it deselde lju binne dy´t no roppe dat Itaalje en Spanje har earst mar ris oan ´e regels 😊 hâlde moatte, foar´t der jild op it kleed komme kin en help har út de brân.
Watsei?
As der brân is, dan helpt men! Dochs? Dan giet men net earst om ´e tafel sitten om mei-inoar oer betingsten te redendielen! Wol?
Der wie net ien grut krupt lân dat sei, dat sa´n lyts krupt lantsje him de bek hâlde moat. Dat soe ommers net dimmekratysk wêze. Mar in yngeand krupte stek-yn-´e-bûse dy´t oan ien dy´t it wetter oan ´e lippen ta stiet, ropt “Heu, fersûp mar, hear!”, dat… eh, stekt.
En dat docht it Nederlân, as ik it goed begrepen haw, mei in Fries as opperteur: Smoare jim mar moai yn dat kroanfirus!
Nee, de skilen binne my no fan ´e eagen – dy Jeropeeske solidêrens haw ik op in pypfol. Tige tank, Nederlân!
Quid pro quo
(…), foàr’t Der (!) yiéld up ‘t cleed comt.
What said? Loss! What saine Yo? Loss!
‘n(!) Fries âs opportör,” is ‘n Hookstra?
‘t, De FerNederlâwnen, thiege thanke!
‘n Corrupt lid fon ‘e EÚnje mey Mafia?
‘n Bûtenlânner iin ‘e Lege Lawnen hat
hiérre ‘t sellde rioght en wês ‘corrupt?
Tige tank, Dauwe! Ik sil it ferbetterje 🙂
Corvus corone-r dea’graver Crow Krie’en
Raven-s, Kroan-dea’-virus, fiErus? Rooken
CirKa’en ‘n ôld-roek fon nôt-roek Saatkrähe
Kirké ‘n Akke de ka, Akster tsjoenster, Elster
Skiérroek & De Nute-craeker-symfony.
Asociale netwörk:
Sie, ‘n sij? Uus Leave Sij-ke, Marij, Lat. Seia?
“What beast ‘n simpele juH.” Joch-ie. Of ‘hje.’
Doffert & doke of de hij & sij-ke, de ‘t ljip-ke.