Efter de tap stean
Doe’t ik fan ‘e middei myn deistige kuierke makke, rûn ik wakker te switfeien, want mei de sinne derby wie it al wer aardich boppe de tweintich graden. Ja, de jûnen geane ommers wer fan ús ôf – de maaitiid is op kommendewei
De skiep dy’t hieltyd in stikje foar my út rûnen, koene der net mei sitte; hja haffelen moai hastich yn it gers om dat troch it bytsje reinwetter fan ‘e ôfrûne wike ta de grûn út brûst. Hja hawwe gelyk – foar’t men der erch yn hat, weeft de sinne dêr wer mei ôf, no?
Tút-tút! In auto rint my fan efteren yn. Dy hie ik net oankommen heard, want … gehoarapparaat fergetten. Net ien auto, trije efterinoar. Trije eferinoar? Dy moatte by-inoar hearre; dat kin hast net oars.
It is mar goed dat it paad jit wat wiet is, oars hie ik no yn in wolken fan stof stean te kocheljen. Siet José efter it stjoer yn dy foarste auto? De man hie de hân al omheech. Mar ja, dat kaam fansels om’t iksels de hân omheech hie – sa dogge wy dat yn it heitelân, sa dogge wy dat yn ‘e Alentejo.
José húsmannet yn it folgjende doarp oan ‘e rivier … No ja, doarp? Sân huzen en in bargehok. Hy hat in kwaal oan ‘e rêch en moat it ek kuierjende hâlde. Sadwaande komme wy inoar wolris te wurd. En mei him giet it petear meast wat djipper as inkeld oer waar en oanhâldende drûchte.
Komt my ynienen in auto yn ‘e mjitte. It is mar drok hjoed!
De auto hâldt stil. Twa manlju stappe út. It is José mei famylje of kunde, tink. Wy fûstkje.
– Dut is in amigo út os países baixos, seit er.
Sjuch, dy Portegezen witte wol hoe’t it heart. De Nederlannen – meartal.
– Ik besocht him niiskrekt út te lizzen hoe’t dat sit mei dat nijste skandaal … do witst wol, mei NAV en TAP … mar ik kom der net rjucht út mei myn beheinde Ingelsk.
– Oe heden, preuvele ik ûnwollens yn it Frysk, dat moat ik efkes yn my omgean litte.
– O, Jaap is ek in Fries, hear ik wol.
– Nee, wol … hoe wie de namme?
– Aad.
– O, ik miende dat José Haat sei.
– Dat seid er ek. Myn frou hjit fan Hetty, mar José neamt har Etty.
– Hahaha! Ja, dat kin útkomme. Deselde ôfwiking as Drinten – fan Oogeveen nei Hassen.
– Ja, dat is my ek opfallen.
– No, Aad, it sit sisa … De TAP is de KLM fan Portegal, dy’t de oerheid hannenfol jild koste hat – wy prate oer hûnderten miljoenen. Wêrom’t lytse lannen perfoarst in eigen fleanmaatskippij yn ‘e loft hâlde wolle, is my om earlik te wêzen in riedling. De KLM bygelyks is oernommen fan Air France en … sitte wy dêrmei? De KLM mocht de namme sa’t skynt oanhâlde en hja meie faaks ek úthâlde dat it om in fúzje gong.
Hawar, it lêste skandaal is … dat der in frommiske fan ‘e TAP yn tsjinst fan it regear kommen is en in heal miljoen euro skeafergoeding meikriget om’t har kontrakt by de TAP noch in pear jier duorre.
– Ja, oant safier hie ik it fan José ek meikrige, mar doe stûke it, want ik sei dat it frommiske nei alle tinken skeafergoeding oan ‘e TAP skuldich wie … en net oarsom.
– Ja, dat hie sa west as se har kontrakt net úttsjinje woe, mar … no komt it … hja wie ûntslein by de TAP. En doe krige se in topfunksje bij de NAV, in tafersjuchhâldend orgaan fan ‘e oerheid. En dat is it nijste skandaal dus … skandaaltsje winliks, want der binne wittefolle gruttere yn Portegal … dat in frommiske dat by de TAP ûntslein is, om’t se sa’t skynt net foldie, in topfunksje kriget by de NAV, dy’t tafersjuch hâlde moat op de TAP, en dan ek noch in heal miljoen meikriget fan har âlde wurkjouwer, in fleanmaatskippij dy’t fan ‘e oerheid mei in knoarre belestingjild yn ‘e loft holden wurdt. Begrypste?
– Nee.
– Moai! Dan bist no likefier as José en ik.
Myn ûntskuldigings, in nul fergetten! Net hûnderten miljoenen, mar tûzenen miljoenen hat de TAP al oan belestingjild opfretten. It regear hat krekt wer in miljard tasein.