Earje jimme Heit
Soks hat my altyd yn ’e besnijing holden, dat folwoeksen lju úthâlde dat se oan dingen leauwe, dêr’t in bern noch fan seit: Toe ju, brûk jimme ferstân no efkes!
En dat se inoar mei in panstrutsen bekwurk foar de gek hâlde, dêr koe ik al hielendal net by.
Tenei die ik dat net mear, hear, om’t my te witten dien waard, dat soks net rjucht hâns foar foets is – dat it fierwei de baas is en lit sokke minsken mar wat yn har fet besmoare, om’t der dochs gjin bûter mear oan te striken is. Mar, doe’t ik noch op skoalle gong, siet der by Gryksk in famke by my yn ’e klasse dêr’t ik wakker heech by opseach – yn figuerlike sin dan, hin, want ik-sei-de-gek wie twa koppen grutter. Dat, doe´t se ris yn in kofjeskoft yn in herne fan it skoalplein har sigretsje stie te smoken, sette ik dêr ek de koers op ta…
– Heu.
– Heu.
Ik gong foar har oer op in stekje sitten, mei’t wy op gelikense eachhichte wiene – hja mei in sjekje, ik op in stekje.
– Ik woe dy ris wat freegje, as dat mei.
– Jawis, wat oars!
– Mar it is wat … eh, persoanlik. Mei dat? Ik wol net hawwe, datst dy misledige fielst.
Hja lake har laits. Dy wie wat heas, en klonk in bytsje… hoe sil ik it sizze? … wat metaaleftich. Alle kearen as ik dy laits hearde, dan wûn it my nuver yn it liif om. Net ûnnoflik, hear – rjuchtoarsom winliks. Mar, dêr giet it no net om…
– Alla!
– Do hast wolris ferteld, dat jimme thús sa fyn binne as mealde poppestront…
Hja lake har laits. Ik krige in kleur; de ynlieding hie ik wat oars yn wurden fetsje wollen. Hawar, ik hie a sein, no moast ik ek b sizze.
– … mei himel en hel, en de hiele eksetra – Bibellêzen alle klapsketen, bidden foar en nei it iten, in heit dy’t alles en jimme dy’t neat te sizzen hawwe, en witwat allegearre!
Hja lake har laits – in bytsje beskamsum no. Ik begriep fuort dat ik der net langer om hinne daikje en no trochpakke moast. Alle ding hat syn beskie op it lêst – in krúk giet mar sa lang te wetter oant er de hals brekt.
– Wat ik my ôffreegje … Do bist sa ferskuorrende yntelligint … Asto no dyn boereferstân brûkst, sa begrypst dochs wol dat it allegearre optochte koekeloerim is? Of net?
Hja seach my ferheard oan, en mei lei it my op ’e lea dat se der gjin belul fan hie wat ik bedoelde.
Mar doe kaam it hege wurd derút.
– Ik wit sekuer watst bedoelst, Jaap. Ferstanlik begryp ik ek wol dat it allegearre koal mei krinten is. Mar … ik kin net oars. Ik wit net oftst dat begripe kinst, mar it sit my yn ieren en sinen; it is my mei de memmetate ynjûn. Alle lea dogge my tsjinwar, as ik wat oars tinke soe as wat my mei de tysker yndruid is. Ik wol wol, mar ik kin net. Ik soe it gefoel hawwe dat ik ús heit ferleagenje – dat kin net.
Hja seach my neareagich oan. Ik hie har efkes oankrûpe wollen, mar ik hold my tebek, bang dat it ferkeard opfette wurde koe. Net fan har, mar fan myn kammeraten. No kin it my de barrels net mear skele, wat in oar tinke wol of net. Mar doedestiids siet ik jitte yn in rite dat soks wichtich wie, sjuch.
Mar, kremis noch ta, wat haw ik op dat stuit in protte leard. Hja hat my geweldich holpen en lear minskedwaan en -litten better te begripen.
Recente reacties