Earesaak

  • Blanks

Leave suster,

Myn dinkje wie, sa die bliken, ferstoppe rekke mei earfet. Dêrom died it it net. De gatsjes yn it rubberen eardopke hie ik de hiele wike netsjes iepen holden, mar dêrefter sit in read rinkje, sa asto wol witst, en dat wie ek ferstoppe rekke.
Myn op maat makke dopke wie lokkigernôch klear, dat dat wie in moai stik earfet… eh, bûter yn ‘e brij, no? No sit dat reade rinkje op ‘e ein fan it dopke en dat kin ik ferfange alle kearen as it ferstoppe rekke is.

Doe hie ik dochs noch in fraach oan dy earkrûpster…
“Hoe komt it dat yn De Nederlannen itselde apparaat safolle goedkeaper is? Us Nynke hat my har rekken sjen litten en dêr wurdt in rjuchtpriis fan €2832,67 neamd foar in folslein gelikens harkapparaat. Wêrom is de rjuchtpriis hjir yn Portugal dan €4400?”
No sa, tocht ik by mysels, wyn dy dêr mar ris út, fanke!
“Mei ik ris sjen,” sei it frommiske sa bedaard as in âld skoech. “Ja sa, ik sjuch it al… Jim Nynke moast noch €389 ekstra dokke foar de oplader en betelle by eintsjebeslút €4900 foar beide apparaten, ynklusyf koarting. Foar de beide apparaten fan Maria hoecht Jaap mar €4400 te beteljen, ynklusyf de 50% koarting. En hja krijt der foar dy priis fergees in oplader by. En Jaap betellet foar dat iene harkapparaat foar Jaap sels mar €2860 en dêr sit ek omdôch in oplader by, en in ôfstânsbetsjinning, in ekstra mikrofoan en in waskmasyntsje, en weismytrinkjes by de roes. No Jaap wer!”

No ja, Jaap hie fansels neat yn te bringen as lege briefkes. Ik hie my sa’t ’t skynt blyn sjoen op dy rjuchtprizen, dus op de prizen sûnder koartings en ekstraatsjes.
Dêr komt by, dat ik foar Maria hielendal neat hoegde te beteljen, want hja woe dy dingen net ha, hahaha!
Ik hie har ôfrûne wike feitlik opdrongen se ris te probearjen. Ik hie tocht dat as se ûnderfûn hokker ferbettering oft dat joech, se der net mear sûnder woe.
Mar nee, hja sette de dinkjes de jûns yn ‘e oplader en hat se der dêrnei nea wer út helle. “Ik bin dy dingen hielendal net fanneden,” sei se, “ik hear noch alles.”
No klear. Sels witte, no?

Grouwe tút!
JoBro

Dit vind je misschien ook leuk...