Dy’t in grêf dolt foar in oar…

– De lieder fan Ruslân en syn plutokraten hiene in drôvich lyts bytsje respekt foar in minskelibben – alteast, as it om it gewoane folk gong… Ja, Douwe?

– Hat master it oer de oarloch fan 2022, master?

– No, nee. Ik haw it oer de Earste Wrâldkriich fan 1914, mar… do hast gelyk, jonge, dat hie ik der efkes by sizze moatten… Ja, Hawa?

– Wat binne plutokraten, master?

– In plutokrasy, fanke, is in lân dêr’t de rikelju it foar it sizzen hawwe. Ek al hat in presidint fan Ruslân – Aleksej Navalny, at it my net mist – letter wol sein dat dimmekrasy meast ek in ferdekte foarm fan plutokrasy is. It folk hat it sabeare foar it sizzen yn in dimmekrasy, seid er, mar it binne de rikelju dy’t de leie hawwe. Mar goed, tsaar Nikolaas II út it Hûs Romanov, de lieder fan Ruslân yn ’e Earste Wrâldkriich, hie it gewoane folk op…

– Hy hie skyt oan it folk!

– Sa kinst it ek sizze, Douwe. Hy beskôge it folk as kanonnefleis. En it Eastfront wie in wiere fleismûne…

– It Eastfront, master? Wêr wie dat?

– Dat waard winliks sa neamd fan it Dútske eachweid út, Quinten. De Dútske keizer Wilhelm II, út it Hûs Hohenzollern, stried oan it Eastfront mei de troepen fan tsaar Nikolaas II, in fiere neef fan him, en oan it Westfront mei Frankryk en it Feriene Keninkryk, dy’t mei Ruslân de Triple Entente foarmen. It Westfront siet foar in grut part fêst yn ’e fjuchtgroppen yn it Belzelân en it Eastfront siet fêst yn wat wy hjoeddeis Baltikum, Poalen en Oekraïne neame…

– Oekraïne? Doe ek al?

– Ja, Douwe. It hiet doe jitte De Oekraïne om’t it in goa fan Ruslân wie, sjuch. De Oekraïne, dat letterlik ‘it grinslân’ betsjut, ferklearre him yn it neirinnen fan de Earste Wrâldkriich ûnôfhinklik. No’t ik it yn my omgean lit, moat dat ek in die fan ferset tsjin de tsaar west hawwe, nei alle tinzen yn ’e mande mei de Bolsjewiken dy’t…

– Bolsjewiken?

– Ja, Froukje, sa hieten de sosjaal-dimmekraten yn Ruslân. Neitiid waarden hja kommunisten neamd. Hja hiene skjin har nocht ôf fan de tsaar, dy’t fan it folk al withoelang mei de skelnamme Bluodderige Nikolaas oantsjut waard.

(- Bluodderige Vladimir)

– Watsei, Douwe?

– Neat, master, ik siet efkes lûdop te tinken. Myn ûntskuldigings.

– Yn oarder. Mar no komt it. Keizer Wilhelm woe stomme graach in wapenstilstân mei Ruslân, mei’t er syn troepen fan it Eastfront nei it Westfront stjoere koe om koarte gongen mei de oare twa yn de Entente te gean, foar’t de Amerikanen har te help komme soene. Amearika hie de Frânsken en Britten mei alle middels stipe, sjuch, en seach it swurk al driuwen; it soe nei werombetelling fan dy skulden fluitsje kinne, as de Entente de oarloch ferlear. Mar tsaar Nikolaas hie dat net op ’e hûd, in aparte wapenstilstân mei neef Wilhelm. De Bolsjewiken, dy’t wol ynseagen dat dy smoarge oarloch ta neat oars late as de dea fan hûnderttûzenen soldaten en de hongerdea fan it útrûpele Russyske folk, woene wol om lyk. Dat de Dútske keizer hat mei in knoarre jild de Bolsjewiken stipe en doe’t de tsaar ta abdikaasje twongen wie, hat Wilhelm oan Lenin, de lieder fan de Bolsjewiken dy’t syn taflecht yn Switserlân socht hie, frije trochgong troch Dútslân ferliend, mei’t er nei Ruslân weromkomme en de frede mei Dútslân tekenje koe.

(- Leuke neef.)

– Ja, Douwe. Mar in protte wille hat Wilhelm der net fan hân, hear. Want de sosjaal-dimmekraten en rjuchts-liberalen yn eigen lân hiene ek skjin har nocht fan it oarlogjen ôf. De Dútske keizer koe twa kanten op: hy koe earfol sneuvelje oan it Westfront of… desertearje en útnaaie nei it neutrale Nederlân.

(- Haha! Dy’t in grêf dolt foar in oar…)

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. mei 5, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]