Douma yn ‘e doema
Ik sil dêr wol wer hosk mei wêze, mar ik besau my fan dat sa’n bytsje lju begryp hawwe foar it Russyske trauma. De Frânske ynvaazje en de Dútske siet goed hûndert jier tusken. Beide kearen kamen de Jeropeeske legers de Russen oer it mêd oer de flakte noard de Kaukasus.
De lêste kear kamen mear as 23 miljoen — nee, dat is net in typflater — Russen by dea. Doe krigen de Russen in bytsje har nocht derôf en lutsen it gerdyn noard de Kaukasus ticht.
Dat Izeren Gerdyn is de lêste tritich jier frijwat úttinne en gear wurden. It is net sa ynteressant oft Lûkasjenko en Pûtin kammeraten binne of net, mar Ruslân fynt it allang moai dat in stikje fan de flakte goed ticht sit. En Lûkasjenko fynt it faaks wol noflik, dy lytse man yn ‘e rêch.
Lykwols is it dy lytse man noch wat sigerich om Wyt-Ruslân hinne.
‘Wat as der yn it westen in noch folle gruttere idioat oan ‘e macht komt,’ wie syn retoaryske fraach.
Rôp Douma fan efteren: ‘Dat kin fansels gau, in gruttere as dij.’
De gânse doema slop om Douma fansels: ‘Jehannes kin der moai by komme, hahaha!’
Ja, hahaha, hie ik myn stilettopumps no mar oandien fan ‘e moarn, tocht Pûtin grimmitich by himsels.
‘Faaks moatte wy dat sigerige gat wat bestopje,’ seid er hurdop.
‘Doe maar,’ rôp Douma, ‘De Bom.’
Douma wie jong yn ‘e jierren ’80, sjuch, doe’t de nederpop him rûnom opdie. Mar Douma hie him better de bek hâlde kinnen. Want dy nuvere faksen fan him wurken yn ‘e doema út as de kneppels ûnder de hinnen. ‘Douma hat sein fan “Dou moar!”‘ hâldt dat lytse Vladi no de foet by de flakte. (Hy mient wakker dat Douma út Grinslân wei komt, sjuch.)
Dat no is de boat oan.
En wa ha wy dat oan te tankjen?
Just, Jehannes!
175 miljoen wie al in typflater – dizze Unnoazelsma hie justerjûn yn syn gleonhastigens by fersin it tal ynwenners yn 1939 by de ein. Hawar, ik leau net dat der ien sizze sil: Och, noch gjin 24 miljoen – dat falt dan wol wat ta.