Doodziek

Ze ligt in het ziekenhuis.
Ik wilde net mijn vrouw waarschuwen dat haar dochter zometeen belt, zoals ze iedere zaterdag doet rond deze tijd, maar krijg het bericht van haar man door dat hij net een ambulance heeft laten komen. De pijn was zo hevig geworden dat ze niet meer at of dronk en uitgedroogd dreigde te raken.

Ik heb zoveel bewondering voor die meid; dat ze nu al vier jaar vecht. Om de andere week een chemobehandeling om de ziekte af te remmen, waarna ze een weeklang niet kan slapen omdat de chemische troep eerst haar lijf weer uit moet.

Wat een doorzettingsvermogen!
Ik zou de pijp allang aan Maarten gegeven hebben. Nee, ik ben niet zo’n vechter, vrees ik – het moet wel leuk blijven! Gelukkig belt ze iedere week via FaceTime, dus dan ervaar je de achteruitgang niet zo als een schok dan wanneer je haar een tijd niet zou hebben gezien.

Wekelijks bellen was vaste prik, maar … veertien dagen geleden kwam er iets tussen. Ze zei niet wat, maar niets vertellen is haar tweede natuur. Vorige week moest ze voor een scan op zaterdag, dus ze zou zondag wel bellen. Zondagmorgen schreef ze dat ze te veel pijn had om te bellen. Tsja, en nu dus het berichtje van haar man dat ze opgenomen is.

We helpen hem hopen dat ze gauw weer thuis is, want … there’s no place like home … helemaal vergeleken bij een steriel ziekenhuis.

You may also like...

8 Responses

  1. S.T. Hiemstra says:

    Net sa bêst, in hiel protte sterkte tawinske! Yn ‘e hope op betterskip!

  2. Anonymous says:

    Wat een lijdensweg Jaap.
    We wensen jullie allemaal heel veel sterkte.
    Lieve groeten,
    Eef en Joke

  3. Eef en Joke says:

    Wat een lijdensweg Jaap!
    We wensen jullie heel veel sterkte.
    Lieve groeten,
    Eef en Joke

  4. Nynke says:

    Heel veel sterkte en veel liefs Jaap en Maria.
    Heel veel respect voor Lucy en haar man.

  5. Jaap Slager says:

    Hee goeie,

    Ja, ik wit net oft men dy gemoterapy fan de ôfrûne fjouwer jier, om de kanker ôf te remjen, al palliative soarch neame mei, mar at it safier is dat de pine bestriden wurde moat, dan kin men dat wol sa neame, leau ik.
    Ja, by har wêze wolle … ik wit net, Meindert. Maria soe dat grif wolle, ja. Jimme kenne Lucy fansels net, mar yn grûn en wêzen is hja wakker kâld en ôfstanlik foar har mem oer (en hielendal foar my oer). Hja kamen hjir al fan en ta, foar de koroanakrisis, mar hja hawwe ús nea útnoege en kom in kear by har.
    Ja, en as ik wit of fiel dat wy earne net wolkom binne, dan prakkesear ik der net oer om derhinne. Dat sil wol Fryske koartkearigens wêze.

    Mar sûnder erch lit ik wolris yn my omgean: Moatte wy der dan wol ynienen hinne at se der skielk net mear is?
    Mar ja, ik bin in nuverenien – ik wit it, Tineke! Dat hat altyd sa west en dat sil ek net mear feroarje. 😊
    Maria kin ik dêr slim mei oer redendiele, want … dat is wat in raar sizzen, no, en haw it mei in mem oer de dea fan har dochter en oer hoe’t wy dan moatte. Oe heden, dan moat ik ek noch in paspoart foar har oanfreegje, betink ik no ynienen, fanwegen de Brútstap.

    Mar it is wier … in tút kinne wy har net jaan (hat hja ek gjin ferlet fan, hawwe jimme al begrepen, tink). Dat ik hie fan ‘e wike in grutte bosk blommen besoargje litten yn stee, mei in knuffelbearke, om’t se my ferline wike te witten die dat se net skilje soe om’t se sa’n pine hie. Gjin reaksje. Dat ik fielde al wol oan myn teewetter: It is net yn oarder!
    Dat ik seach justermoarn net echt ferheard op doe’t Colin in eameltsje stjoerde, dat er de ambulânse komme litten hie.

    Toe mar. It is it dreechst foar Maria. Mar hja hâldt har o sa bêst. Ik hie okkerwyks al ris tsjin Lucy sein dat ik wakker bliid wie dat ik foar tsien jier dat stikje grûn foar ús hûs kocht haw en in túntsje foar Maria oanlein. Dat hat neffens my in behâld foar har west de ôfrûne fjouwer jier.
    En, ja hear, juster, nei’t ik har ferteld hie dat Lucy net skilje soe en wêrom net, fleach hja fuort har túntsje yn. It wie al tsjuster doe’t se der wer wei kaam.
    En as de sinne der net mear by is … no, dan witte jim noch wol, tink …
    Hast it net kâld, frege ik har, sa inkeld yn dyn T-shirt.
    Och, jonge, lake se, it swit stiet my op ‘e rêch!
    It is sa’n dapper ding, dat wyfke fan mij. 😅 Wat haw ik it dêrmei troffen, net?

    Tige tank foar jim berjuchtsje en folle leafs fan ús!