Dona nobis pacem

“Ik haw noch meimakke dat de nazys hjir kamen,” seit de âldman trilderich, “mar dy wiene sa slim net as dizze lju.”

Dy wurden wolle my net út it sin (of is dut in ynslûpsel út it Dútsk wei?), want hja sette dy sabeare ‘denazifikaasje’ fan Oekrayne yn in gâns oar ljocht.

Russyske soldaten dy’t har oan ûnskuldige boargers wreke, binne har westerske kollega’s dy’t har wol ris bygelyks oan Iraakske boargers wrutsen, net alhiel wanlyk. De westerlingen kamen de Irakys ommers ‘befrije’ en brochten har ‘dimmekrasy’. De jonge út Sibearjebuorren wie foarspegele dat er de Oekraïners fan ‘e nazys befrije soe — it soe grif in feestke wurde, dy Oekraynske Anschluss.
It ferskeel is: westerske soldaten waarden ûnderwurpen oan kriichstucht as bylden fan sok misgean oan it ljocht kamen; it Kremlin hjit sokke bewizen ‘in provokaasje’.

Iksels spui al raar guod as dy healwize Kutsjenko op it tillefyzje ferskynt… Watsjo? Igor Konasjenko? O, dat komt tink, om’t cona Portugeesk is foar… Hawar, as dy koal fan in legerwurdfierder mei in fyn glimke op syn panstrutsen troanje úthâldt dat der gjin swiere froulju yn dy bombardearre kreamklinyk wiene, allinne partisanen, jizzelet it my yn ‘e earen. Soe dy misliksma wier leauwe dat der ek mar ien is dy’t fan him oannimme wol dat lju dy’t harren libben opsette ta wiif en bern en heitelân, harren eigen fleis en bloed as libben skyld brûke? Wat in ûnferstân, net?

No binne wy der… ûnskuldige bern…
Bern dy’t in ûnbetinge betrouwen hawwe yn ‘e goedens en wizens fan grutte minsken. Oekraynske bern — dy’t al deakommen binne net meirekkene — binne dat betrouwen ienris en foargoed kwyt, en foar it libben skeind, oanklaud mei in trauma, oft se der lichaamlik goed ûnderhinne komme of net — dy’t him ienris baarnd hat, mijt it fjoer. En dyjinge dy’t mient dat sa’n oarlochstrauma mei ien ginneraasje wol oerbetteret, is neffens mij net felle wiis. Soks hat men ginneraasjes lang wille fan.

Ik haw de oarlochsûnderfinings fan ús heit al lang en breed beskreaun, û.m. yn ‘e stikjes Alde Keimpe en Op ’t krewei yn Bochum, dat dy sil ik no net wer op it rabat bringe.
Mar wat ik mar sizze woe, is dat ik grif leau dat ús heit dêr in knoei fan weikrige hat — wat wy op ’t heden PTSD hjitte, Post-Traumatic Stress Disorder. Oars kin ik ús heit syn hommelse útbarstings net ferklearje.
Hin?
Nee, dat is sa… ús heit wie yn ‘e besettingstiid net in bern mear., mar… syn bern letter al…
Watte?
No, lit it dan mar gewurde, as it jo net oan wol dat sokke dingen trochsoarrelje en withoefier rikke.

Dan mar oer de titel fan dut stikje…
Us Nynke gong op sneinsskoalle. Dat ik-sei-de-gek moast der ek oan leauwe. Us Keimpe, dy’t nei mij kaam, hie dy poppekast nei ien kear wol besjoen en sette it fierders yn ‘e kant. Us Keimpe hat altyd mear kloaten hân as ik. Ik luts de kloaten gauwer yn — ik leaude it wol (wat der wakker ynfoel op sneinsskoalle). Dêr komt by, ik fûn it sjongen prachtich, sjuch. En dut wie ien fan myn favorite — Dona nobis pacem. Ik hie as lyts pjut der gjin doel oer wat it betsjutte — dat moast noch komme — mar dy sjongerij wie in geniet. Benammen at wy yn kanon…
Watsjo?
Jo hawwe gelyk, wy moatte it sjitark no mar efkes net yn ‘e midden hawwe. Dy hûnekop-op-hege-hakken yn Moskou hoecht net te witten wat wy yn reserve hawwe. Dan falt it him skielk kâld op ‘e lea, as er mei syn ‘militêre operaasje’ hjir oan ta is, wier?

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Thou shalt love thy neigh’bour.
    Yo moàtte Yo neiste Leaf have.
    MoàTst dy’n buor-mân leaf ha.’
    Westerlingen camen OM ‘e iraki’s TE befrijeN.

  1. april 4, 2022

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]