Do bist ek in ljocht, hear!

Floris en Eugène sitte yn ´e bou en binne njonkeninoar yn ´t spier op in steger yn Foarburch, oan ´t fervjen.

Seit Eugène ynienen: “Ik haw myn nocht. Ik wol nei hûs ta. Witst wat, ik doch krekt of bin ik gek.”

Mei giet er op ´e kop yn ´e steger hingjen en ropt: “IK BIN IN LAMPE, IK BIN IN LAMPE!”

Foarman derby: “Do bist gek! Rûftdy, nei hûs ta!”

Eugène fuort. Floris docht it lid op de bussen mei ferve en begjint de kwasten te rakken.

“Wêr silsto sa betiid al hinne?” freget de foarman him noartsk. “It is noch lang gjin fiif oere, hear!”

“Brûk dyn ferstân, man!” anderet Floris. “Hoe kin ik yn it tsjuster no trochwurkje?”

Dit vind je misschien ook leuk...