Djip yn ´e stúdzje

Nei oanlieding fan Aant Mulder syn kollum “Fan ûnderen nei boppe ta” yn It Nijs it folgjende…

Aldgermaansk
It is fansels al in skoftke lyn, mar as it my goed heucht hiene wy eartiids op ´e universiteit it kolleezje Ferlykjend Aldgermaansk, in fierhinne hypotetyske taal, om´t der in frekt lyts bytsje fan bewarre bleaun is. Dêrfandinne dat “Ferlykjend”, sjuch. De fiktive wurden (dat binne de wurden dêr´t wy fan mienden: sa moat it west hawwe) waarden fan in asterisk foarsjoen, as it my net mist.

Goatysk
Dêrnei krigen wy it kolleezje Goatysk. Tanksij de bibeloersetting fan Wulfila is dêr folle mear fan bewarre bleaun. Dy bibel dy´t wy doedestiids oersette moasten, haw ik spitigernôch net mear. Ik kin him alteast net mear fine. Mar sa út ´e bleate holle roai ik dat de wurden “binitha” en “bova”, dy´t Aant yn it tefoarneamde stikje út in Aldfryske wurdlist weihellet, frekte ticht tsjin it Goatysk oanlizze. En ja, troch klankferskowing binne in protte wurden út it Aldnoardsk, Aldyslansk, Aldingelsk, Aldfrysk ensafuorthinne wol werom te fieren op it Goatysk en Aldgermaansk, mar guon wurden reitsje somtiden ek yn ûnbrûk en dan… rint it wat oars, sa´t Aant al skreau.

Wytsings
Sels fyn ik “burgs”, dat yn it Goatysk as ik my net fersin û.m. “stêd” betsjutte, wol in nijsgjirrich foarbyld. De Goaten dy´t – alteast, dat is de hjitting – út it suden fan Sweden (Goatenburch) kamen, hawwe harren, doe´t it mei it waar in bytsje tsjinwierre (en Pyt Paulusma der ek gjin sûkelarje mear fan meitsje koe) ferspraat oer Jeropa. Dêrfandinne dat wy it wurd “burgs” yn ferskate foarmen (Bourgs, Burgos, -bury, -burg, -burgh ensfh.) witwêr tsjinkomme – yn de measte Jeropeeske lannen wol.

Dat is nammers wol in aardich spultsje om te dwaan yn dizze tiid fan krisis. Om dy plaknammen te betinken, bedoel ik.

Prefester
Dauwe bringt my, mei syn reaksje op ´e earste rigels hjirboppe, yn ´t sin dat wy Goatysk krigen fan in Sjöling…
Ik wit noch dat ik dat oan ús muoike út Sweden fertelde, dat wy in Sweed as prefester hiene. Hja begriep net goed wat ik sei, want ik spruts de namme hielendal ferkeard út. Ik sei de namme sa´t men it lêst, mei de klam op it foarste wurdlid. Dat lêste moast yn it Sweedsk krektoarsom en de sj- moast útsprutsen wurde sa as Hollanners de g útsprekke, dus cheu´lyn. Moai, net!

Us muoike begrypt hjoed noch net wêrom´t ik safolle flaters meitsje yn ´e útspraak fan it Sweedsk. Safolle skeelt it net mei it Frysk neffens har.

Grykske bibel
Dêrom net, dy Wulfila hie de bibel út it Gryksk oerset. Wy moasten dy in pear jier dêrfoar, op skoalle, al oersette. Hin? Nee, net foar´t Wulfila soks die… ik bedoel in jier of twa foar´t ik nei de universiteit gong. Dy bibel haw ik noch al. Mar dan moat ik “nei boppe ta”, Aant Mulder.
It moaiste wie, dat ik altyd oan bar wie op moandeitemoarn. Dan hiene wy de earste twa oeren Gryksk, sjuch. Wy wiene mar mei in lyts ploechje. En de oare fiif wiene thús mei de bibel opbrocht. Ik-sei-de-gek wie dat net. Dus dat wie grif laitsjen hoenear´t ik oan bar wie. Ik bedoel, de oaren hiene dy Bibelteksten alris foarbykommen heard, yn har eigen taal, oan ´e itenstafel of sawathinne. Dat, as hja de earste wurden goed hiene, dan wisten se meast wol hoe´t it beneistenby fierder gong. Mar dêr hie dizze Unnoazelsma fansels gjin sjoege fan. Dat ik sloech yn dy Grykske Bibelteksten om as mâle Jan yn ´e hinnen. En dan wiene de oaren slop. Us learaar Gryksk fûn dat wol in blier begjin fan ´e wike. Ik die it neffens him ek wolris te mâl, want hy wie sa fyn as hakte luzepoaten, mar troch de bân liet er my wol dwaan wat de fantasije my opjoech.

Giizje en gekjeie
Op freedtemiddei ek, as de oare tûzen skoalgeande bern allegear al nei hûs ta wiene, hiene wy noch trije oeren Gryksk. Wêrom´t wy njoggen oeren wyks Gryksk hiene en mar seis oeren Latyn, wit ik winliken net. Mar it wie no ienkear sa. Hawar, om´t it de ein fan ´e wike wie, hie ik de boel ek dan gauris op stelten. Sadree´t de fammen wat om myn gritsen en gratsen begûnen te gibeljen, no dan wie ik mei gjin touwen mear te hâlden. Us learaar koe dan wol besykje de boel wer yn ´e bedarring te bringen, mar hy koe himsels fakentiden ek net mear goed hâlde.
Moaie tiden!

Dy Aant Mulder ek, mei syn nuvere oanslaggen, dy bringt my hielendal yn ´e memoarjes wei, lit it ferline opriizgje fan binitha 😉

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. D. f.d. Meulen schreef:

    AM siin calomnie “… nei boppeN ta.”
    Eak iin ‘e text fon ‘t stick “Gr. Bibel …”
    Of beast it dêre talekundig net iens?
    Fäcebook group Fryslân – Fryske Tale

  2. Jaap Slager schreef:

    No, om earlik te wêzen, Dauwe, haw ik it sa opskreaun, tink, om´t ik it foar myn gefoel altyd sa sein haw. Ik beskôge “nei boppeN ta” as in gefal fan hiperkorreksje, ûnder ynfloed fan “ûnderen” en “oant boppen ta”. Mar wat faker ik “nei boppen ta” foar my hinne preuvelje, namste oannimliker it my oan wol. Dat toe mar! Ik sil it nochris yn my omgean litte.

  1. april 9, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]