Der wie ris op in Palmsnein…

  • CorREXie-sogro

Domingo de Ramos (= Palmsnein, ek wol Palmpeaske hjitten) is de snein foar Peaske. De dei dêr’t yn ’e roomsk-katolike tsjerke Jezus syn ynkomst yn Jeruzalim op betocht wurdt. Dy dei foel njoggentich jier lyn op 25 maart en doe die de leafde fan myn libben har ynkomst. Net yn Jeruzalim, mar yn ’e wrâld.
Om krekt te wêzen, yn Pomarão, yn ’e Baixo Alentejo yn Portugal. Dêrfandinne dat yn har namme ‘Ramos’ ferwurke is, dat letterlik ‘tûken’ betsjut en yn dut ferbân fansels ‘palmtûken’ – Maria José dos Ramos Horta Moutinho.
Hin?
Ja, dat is wat oars as Jaap Slager. Dy slach is jowes!

It is dochs wat in nuvere beweging mei dy nammen, want har heit ‘fergeat’ syn eigen namme doe’t er doedestiids oanjefte die fan Maria har berte by de boargerlike stân fan ’e parochy Santana… Sint-Anne sis mar. Dat, myn leaf hie feitlik de namme Maria José dos Ramos Horta dos Santos Moutinho hawwe moatten. Om’t it hjir wenst is en krij de namme fan de mem (Horta) likegoed as dy fan de heit mei. (Har lêste namme is dy fan har man, dy’t yn ’t lêst fan ’e foarrige iuw de klompen op it boerd sette.)
Mar, net ien dy’t dat skynber jûke, dat myn… uh, skoanheit dat op dat stuit trochgie. Foarby is foarby – it bern wie der, it moast rêden wurde.
Dêrom net, se sille ek wol tocht hawwe: dy nuvere oanslaggen mei dy nammeboel út ’e Frânske besettingstiid, dat kin wol in bytsje… uh, mei de Frânske slach, no?

‘Skoanheit’ José Inácio dos Santos sels wie – de namme seit it al – mei Alderheljen (= Dia de Todos os Santos) ta wrâld kommen. En hy is yn 1965 ferstoarn, yn ’e âldens fan sechstich jier. Âld, foar in mynwurker yn dy tiid.

Mar no komt it…
No ûntduts ik by it opromjen fan har spullen dat ús Lucy, dy’t moarn har jierdei hat… uh, hân hawwe soe, ek Ramos yn har namme hat… hie. Net inkeld om’t har mem sa hjit, mar ek om’t Palmsnein yn 1968 op 7 april foel. Wa hie dat al syn dagen tocht? Wat is dat? Predestinaasje?
Ik bedoel… men komt ta wrâld op in tsjerklike feestdei. Klear! Kin gebeure! Dat komt jin net wer oer! Mar dan? Dan wurdt jins iennichste bern 34 jier letter op sekuer deselde feestdei berne!
Mij foel de bek iepen. Maria helle de skouders op: ‘Och, fado, hin?’
Se hawwe hjir yn it suden (sûnt de Moarske besettingstiid yn’e midsiuwen) dochs noch wat de mohammedaanske ynslach fan It hat gjin sin en rin jins lot nei, want… it lot rint jin wol nei.
Boppedat sjugge se hjirre nearne mear nij by op sûnt it wûnder yn Fatima goed hûndert jier lyn. Sterker noch, myn Maria hat, doe’t it mei it swierwurden net slagje woe, tegearre mei in freondinne noch in reis nei Fatima makke om te bidden om in berntsje. En dat hat fertuten dien. Samar klear! Dêr wie se al, Lúcia dos Ramos Moutinho.

Dit vind je misschien ook leuk...