Der is oars gjin goed oan foar de âlde inketkoelys as dat se wanskik Ynternet mar omearmje
De haadredakteur fan Voetbal International is fuortstjoerd. ‘Syn ambysjes passe net mear by dy fan VI, stie yn it parseberjucht. Oft de ambysjes fan Christiaan Ruesink grutter wiene as dy fan it blêd, of rjuchtoarsom, dat wie net dúdlik. Dat foar it neist wie it mear in ferklearring dy’t de wanhope fersiidzje moast dy’t it ea sa bêst dijende tydskrift oermânsk wurden is.
Ik haw oantinzen fan VI dy’t tebekrinne oant de foarste helte fan ’e jierren santich (fan ’e tweintichste iuw) ta. Yn dy snuorje lies ik twa wykblêden, VI en Vrij Nederland. Ik hie de tiid oan mysels, want men hoegde doedestiids net te twitterjen of op Facebook te gnuven. Dy tiid wie ek nedich, want yn VN stiene dikmels ferhalen dêr’t de ein fan wei wie, en VI wie men ek in skoftke teset mei. Nimmen hie it oer spanningsbôgen en nimmen wist wat ‘tltr’ betsjutte: too long to read. It wiene de jierren dat Nederlân jit paadwizer wie, yn it fuotbal likegoed as yn ’e polityk. Hawar, das war einmal.
De oplagen fan beide dogge in nijsgjirrich ferhaal. Dy fan VN wie yn 1996 90 tûzen, VI berikte yn 1995 syn oplaachhichtepunt: 209 tûzen. Healwei de jierren njoggentich gong Ynternet stadich fan ‘e streek en spried him de tentakels, en it wie net poer tafallich dat op itselde stuit de delklets fan VI en VN him net sunich fuortsette. Op it heden is VN in moanne- en digitaal blêd, nei’t de oplaach yn 2016 ûnder de 20 tûzen sakke wie. VI printe it ôfrûne jier offisjeel noch 85 tûzen eksimplaren.
Beide binne net unyk yn ‘e wrâld fan printe media. Unyk binne de pear tydskriften dy’t noch al fertuten dogge, lykas Linda en Happinez. Dat lêste blêd is de rêdingboei dêr’t de oare ûnderdielen fan it ea sa machtige WPG (Bezige Bij, VN, VI) harren oan fêstklamje.
Sûnt de komst fan Ynternet, en hielendal nei’t goliats as Google en Facebook útfigelearre hiene hoe’t se Ynternet brûke en monopolisearje koene, is de sitewaasje foar de âlde media behyplik wurden. Google en Facebook binne twa roppige wolven. Printe media besykje en bliuw kornútsjes, mar witte ek dat se stadich tehaffele wurde. Mei de sjoernalistike content út de âlde nijsfabriken ferkeapje Google en Facebook advertinsjes. By de tiid hawwe se ek op dat mêd benei in monopoalje yn. Har ferhoalen algoritmen (dy fan Google telle nei’t skynt sechstich miljoen rigels) beskiede wa’t wat te sjen kriget en hoe’t nijs en advertinsjes ferspraat wurde. Dêr krije se de âlde media hieltyd mear mei yn ’e skjirre.
Yn syn boek Ûntsiele wrâld, beskriuwt Franklin Foer de ‘eksistinsjele driging fan big tech’. Hy hat teffens in oplossing en stean dy driging: wy moatte op ’en nij hinnegean en lês fan papier. Dat mei hinnebruie, mar it hat der dochs in bytsje fan oft men planút tsjin in sike seit dat er net mear nei dokter ta gean moat. In oare oplossing sjucht Foer yn de ‘Big One’, de mem fan alle kompjûterkreaken dy’t Ynternet tepletterje sil. Alhoewol’t men soks ek slim in libbensfetbere grûnslach foar in nij bedriuwsplan neame kin. Dat de polityk de monopolisten twinge sil en tespjalt harrensels, lykas yn de Feriene Steaten yn it ferline dien is mei de oalje- en spoarmonopoaljes, dat is foarhâns ek tûzen om trettjin.
Dat der is oars gjin goed oan foar de âlde inketkoelys as dat se de wanskik mar omearmje, op hope dat er him ûntwine sil ta in mesenas en ferlosser, hooplik foar’t de lêste siken har út ’e boarstkas parse binne. Dat komt bêst klear, wy moatte inkeld noch efkes foar it ferstân krije hoe persiis.
Recente reacties