Der is ek net in kroan mear of der sit in krús op… eh, firus ûnder

Ynlieding
Doe´t ik okkerdeis skreau dat it net sasear de fraach is oft men siik wurdt mar wannear, waard my fan guon lêzers pessimisme oanwreaun.
Sa hie ik it net bedoeld, hear. Myn ûntskuldigings! Ik woe inkeld it bline betrouwen yn ´e wittenskip – dat sa´t skynt… eh, pandemysk is – in bytsje timperje. Dêrom wol ik no besykje ien en oar mei houtskoal en kryt te ferdútskjen.

Nij faksin
Wy hawwe okkerwyks yn ´e krante lêze kinnen dat der in miljard stutsen wurdt yn it ûndersyk nei in faksin foar it kroanfirus. Dat ûndersyk kriget syn beslach op ûnderskate plakken – ek yn it Nederlân. Sa´n miljard is fansels in moai stik bûter yn ´e brij. Dat de wittenskippers rôpen al wakker optein, dat as it op syn moaist beslacht de klinyske stúdzjes omtrint Augustus al(!) fan ´e streek kinne.

Wat binne dat, klinyske stúdzjes?
No, foar´t in nij medisyn – dus ek in nij faksin – yn gebrûk nommen wurde kin, wurdt it earst yn wittefolle stúdzjes test, mei´t de feiligens en útwurking fan it medisyn yngeand trochgrûne wurdt. De earste faze fan it proses dat de feiligens test en him dêrom beheint ta in lyts tal sûne frijwilligers en/of pasjinten, duorret yn ´e regel tusken de 6 en 12 moanne. Dat, lit ús it fan de ljochte kant besjen en oannimme dat faze 1 takom jier yn Febrewaris ôfbreide wurde kin. De folgjende faze (2 oant 4 jier) dy´t him op hûnderten pasjinten rjuchtet hat net allinnich de feiligens, mar ek de útwurking fan it nije medisyn yn it wyt.
Efkes sjen… dan sitte wy as it meislacht(!) yn 2023. Komt dat goed? Klear! Faze 3 komt op itselde del as faze 2 – sa bedoeld, dat dy faze 5 oant 10 jier duorje kin en him op hûnderten ta tûzenen pasjinten rjuchtet.

Oanfraach ta goedkarring
Faze 4, dy´t 4 oant 8 jier duorret, skrasse wy no mar efkes, mei´t jim net (te) mankelyk wurde. Yn alle gefal kin der nei faze 3 in oanfraach by de autoriteiten fan ien of mear lannen yntsjinne wurde mei´t it faksin of medisyn goedkard wurdt.

Wittenskip de boeiens oanlein
It giet my der inkeld om dat jim wol betrouwen yn ´e wittenskip hawwe meie, mar dat jim net ferjitte dat dy lju no ienkear de ynternasjonaal fêststelde regels belibje moatte. Dat sit him net oan ´e wittenskip, mar oan ´e regels. Dat, foar´t der in faksin frijjûn wurdt dy´t yn ´e grypprip mjuksele wurde kin, binne wy in moai skoftsje fierder.

Wy hoege dochs net sa lang by honk te bliuwen, wol?
No, nee. Jim moatte no efkes op it hok lizzen bliuwe om´t de autoriteiten besykje foar te kommen, dat alleman op itselde stuit siik wurdt. Dat kin de sikesoarch net risse, sjuch.

Wêrom hawwe se it net earder op in ûntwikkeljen fan in faksin foar soksoarte deadlike firussen set?
Dat wit ik net. Mar der wurdt grute dat soks neffens de autoriteiten – gean earst efkes sitten! – te folle koste.
Moai, net!

Dit vind je misschien ook leuk...