De Zwart-list

Heu Sytze,

Moai, net?
Ik skriuw al withoelang Fryske stikjes, dy’tsto trou op it webstee Fryslân en de Fryske taal plakst, mar net in harsens dy’t dêr wat fan seit. (Wol noflik, fyn ik.) Mar ik pleats ien kear in stik út de iennichste ûnôfhinklike krante dy’t wy yn ’e Nederlannen noch ryk binne, en it tilt op fan ’e reaksjes.
Nee, net allegearre fan lju mei harsens; ek fan guon ûnferstannen. In stik oer it ferdrinken fan de wierheid mei net, fine lêstneamden. Wêrom net? Om’t it net yn it Frysk is en net oer Fryslân giet. (Wie dat lêste mar wier!)

Dat, Sytze, tink dêr tenei no om! Gjin oarstalige stikjes mear op dut webstee plakke dy’t oer wrâldoangelegenhiden hannelje! Want dêr hat Fryslân neat mei út te stean – alteast, neffens guon ekstreemrjuchtse omkoalen.
Hin?
Nee, dat is mar gekheid, ju, datst dy net pleatse meist! Der wurdt op dut webstee hast net oars luld as oarstalich. Net in hoanne dy’t dêrnei kraait. En as hjir in stik út it NRC of út de Leeuwarder Courant – oarstaliger kin it net – pleatst wurdt, bliuwt it ek stil. Oftewol, de kritikasters komme mei falske motiven oantôgjen; der is wat oars te rêden…
Wat?
No, as in stik yn ’e fierste fierte skaait nei krityk op ekstreemrjuchts, dan is de duvel fan ’t keatling, fljucht de Trumpetters de kop op oranje en falle de Muskrotten mei de hiele wâl út. Hja wolle de wierheid fersûpe, tink, mei harren ûnferdraachsumens.

NSF
Jaap

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Pieter de Zwart schreef:

    It is tige kwealik datsto my hjir mei namme (al is it allinne de achternamme) neamst en sokke lasterlike útspraken oer my dochst. Neffens dy bin ik skynber “ekstreemrjochts” omdat ik dy der op wiis datst oarstalige berjochten oer de ynternasjonale polityk pleatst yn in groep dy’t oer Fryslân en de Fryske taal giet en dat sa’n groep dêr neffens my net foar bedoeld is. Do meist dêr oars oer tinke, mar sokke kwealaster oer my tsjinnet gjin inkeld doel en is boppedat strafber. As der ien syn ferstân net hat dan bist it sels, Jaap.

  2. Jaap Slager schreef:

    Ik sitearje út in NOS-nijsbericht fan hjoed:
    ‘Hij haalde ook uit naar de moderatie op sociale media, die hij “censuur” noemde, en trok fel van leer over voorvallen in Europa die volgens hem aantonen dat censuur in Europa steeds vaker voorkomt.’
    [Mei ‘hij’ en ‘hem’ wurdt J.D. Vance bedoeld, FJY fise-presidint fan de FS.]