De wrâld smoart en de ierde lûkt in sucht op
It moat earst op it mâlst ear´t it betteret
Jim begripe wol, tink, dat ik mei de wrâld hjirboppe it minskdom bedoel, as yn ´alle man en wrâld´. Dy hat de ierde smoare wollen, mei syn plestik rotsoai, koaledamp, kealslach en witwat. Ik hoech net mei foarbylden op ´e lappen te kommen, nim ik oan, dat de ierde mei alles wat groeit en bloeit (as it minskdom fansels) dêr in leaflyts bytsje fan út it ferset rekke, mei ferheging en al. Dat it fan ´t winter by riten tweintich graden yn Sibearje wie, wylst it dêr om dy tiid hinne sechstich graden kâlder plichtet te wêzen – alteast, sûnt de ein fan ´e lêste iistiid, sa´n tsientûzen jier lyn – seit nei myn betinken genôch.
Rizende simmermoarn
En no´t wittefolle lju it oan ´e pûster hawwe – of driigje te krijen – komt ús Mem Natoer wer wat yn it ferset. Hja kin alteast ferromme sykhelje.
Soe it? Kin soks sa gau?
Hier en fear litte har wer jilde, is de hjitting, harten yn ´e strjitten fan ´e stêd… guoskes dy´t snetterje, skiepkes dy´t bletterje, lamkes dy´t springe, nuvere blij 😉
O sorry, hear, ien fan ús foarfaars wâle(!) efkes yn my op!
Azuerblauwe foto´s op sosjale media fan lju dy´t swarre, jitte nea fan har libbensdagen sokke heldere loften sjoen te hawwen. En de lucht is lottere, hâlde se út, hja kinne it rûke.
Ja, wat wûnder – gjin fersmoargjende auto´s op ´e dyk ommers, gjin fleantúch yn ´e loft!
En by nacht in loft as in gril, sizze se. In stjerrehimels – meteorologen en stjerrekikers hawwe it nea sa meimakke, sa’t it hjit, en kinne har der net sêd oan sjen.
Klimaatûntkennerûntkenner
Der binne lju dy´t úthâlde dat it nea oars west hat. Sokken wurde “klimaatûntkenners” neamd, leau ik. Nuver wurd. Sokke wurden haw ik altyd it gefoel by dat der wat út weilitten is. Lykas wannear´t in frommeske seit: “Ik bin by de reptileklub.” Alhoewol, guont haw ik dêr wol byld by.
Mar, tebek nei de klimaatûntkenners…
Faaks binne it gewoan optimisten, ju, lju dy´t de wrâld fan ´e ljochte kant besjugge. Sa´t de Amerikanen sizze, troch in molke-en-bloeden brul 😊
Mar nee, dat past wer net by myn wrâldbyld. Der binne gjin optimisten neffens my, sjuch. Optimisten binne nei myn bestek pessimisten dy´t net goed ynformearre binne. Dat, goed besjoen bin ik in klimaatûntkennerûntkenner. Hahaha, no ha wy de hichte 😉
Ergo conclusio…
En faaks komt de ierde hielendal net yn it ferset – liket dat allinnich mar sa! Hoe is dat sechje ek mar wer? Het gras is altijd groener… Oe heden, dat ûntkaam my hast. Ik woe mar sizze: In minske wol ornaris wêze dêr´t er net is! Is ´t net sa! Mei oare wurden, faaks liket it allegear allinnich mar moaier bûten – blauwer, himmeler – om´t wy mei ús allen yn ´e hûs bliuwe moatte.
Mar, as it werklik sa wêze soe, dat de natoer hommels opgriene en -heurge is, dan is der nei myn fieling mar ien konklúzje mooglik…
It kroanfirus is net de sjuchtme dy´t ús Mem Natoer nei gychem helpt. Hja hat ommers neat gjin belij by dat firus. Rjuchtoarsom!
Dat, it is net troch de kroankrisis dat de planeet nei beppe kelder giet. Bist raar? De minske is de grutte smjunt!
Loadewyk XIV hie soks al tige skerp foar de fernullen, doe´t er rôp: Ma foi… c´est moi!
De Bello Galliciao, Gaius J.C. 50 f. J.C.
De iene siin dea’ id de oare siin brea,’ J.C.
’n Ménske har sin is ’n oaren ien siin libben. G.J.
The Wörld is choking änd the Earth pulls up a sigh.
Ibeariske tastânnen iin Sibearje, Hyper-boréalis
Âlles what grouit en bloeit en djoeit, Grenenzer o
Hartsjeday up ‘e diik all-den-day, total lockdown
Gies en skiep en lammen springe leäppendeway.
Grill & grilltsje rinne oan ’t strân en fliogge iin ‘e loft.
Himmel- of hell- & blijblau & lapis lazuer-blau blues.
Boun’s maten & Clim-maten, ’n cliber cameraatskes
FrauLiu mei reptile-brain, aai-sprong, moànne-siek, luna-tic.
Lawn & liu fon molke & höning, juh! Jöh. Joch, de Jonge.
Optimist-en oant iin ‘e kiste-n, Fleanmasine om up rais.
’n Minske woll or’naris wêze, dêr’t er nèt is. Stasjon Liouwert.
GL GrienLofts-Links is BruunRjochts, Akkoart fon Wassenaar.
Bijen, beien en holders hommels heurge? EWvDale emmes
Omme’s gjin belij? Greek-sk belanch is Uus Flaamsk Belang.
Korooné-virus crisis uut Griiksk Corvus corone-r dea’graver
Kroan-dea’ is Morsdood. Deadeling. Beast ’n greote Smeönt.
Stjerreling fon tuugh, ûndermoànneling. La foi is ’t Liowe …
’n Benull fon cLouís Quatorze Juillet: L’état dât bin Ik, sjuh!
OPheurge, ju! Fan: opheurgje