De wrâld is goed…

Ik ken dat bedêste glimke, realisearje ik my, hoenear’t ik sa’n út ’e macht woeksen jonge sjuch, bygelyks by in talintejacht op it tillefyzje nei’t er syn keunstke fertoand hat. Ik ken dat glimke fan myn bruorren doe’t hja sa âld wiene, en fan ús heit op in âld fotoke dêr’t er as jongfeint op stiet. Dat, ik sil sels doedestiids ek sa’n glimke om ’e mûlshoeken hân hawwe, tink. En, as ik bern hân hie, dan hie har dat nei alle tinken ek op it antlit beitele west.

It is it glimke fan ûnbefongenens, fan betrouwen dat alle minsken gelikens binne; dat eltsenien it bêste mei syn evenminske foar hat en net ien ferkearde knepen yn ’e mouwe hat — wêrom soed er? Wy wiene der doedestiids fêst fan oertsjoege, dat alle man en wrâld de midlike en ridlike wei lâns wolle.

De earen waarden ús neitiid wol bekôge — dat hoech ik tink net ien te fertellen. Wy leare mei fallen en opstean, dat der witte folle gekken op ’e wrâld binne dy’t net foar reden stean wolle, en slepen smychten dy’t sa’t it liket neat oars fan doel binne as meitsje oarman it libben soer. En wy hoege de krante mar op te slaan om te sjen dat it noch folle slimmer kin…
Watsjo? De Tillegraaf?
Dat koe wol. Dy krante ken ik inkeld fan hearren en sizzen. Dat, dêr haw ik it mar by litten, sjuch.

Mar dêr giet it no net om. It giet der neffens my yn it libben om en ûntwrakselje jin oan dy spiraal fan negativens; en lear — njonken alle ellinde, oergeunstigens en geweld — op ’e nij it goede te sjen, yn ’e wrâld en… yn ’e minske.
Hin?
Nee, dat falt om ’e bliksem net ta — dêr ha jo de loarte by de skjinne ein. Mar it is my wat al te maklik en lit jin mar wat meidriuwkje op alle negativens fan it tillefyzjenijs en op de moard en deaslach yn ’e krante…

Watsjo? Maradona stoarn? Ja, dat soe al wakker wêze, net! En hy is grif net de iennichste hjoed! Mar jo bringe my al wat fan it sjapiter mei jo tillegraaf… Wêr wie ik bedarre?

Meidriuwkje litte? O ja! No ja, ik woe mar sizze… dêr hat nimmen wat oan. Men wurdt in âlde lúmstank, dy’t oare lju leafst ûntskûlje wolle en dêr’t smeulsk fan sein wurdt: “Is it dy âld bolle bygefal fergetten dat er keal west hat?”

It is makliker sein as dien — ik wit it. Mar ik hoopje ea safier komme te kinnen as ús omme Pyt yn Sweden — in prachtkeardel! Sûn, fleurich, tefreden en fol humor! Sjuch, dat binne baasmannen!

Ik moast okkerdeis wol gnyskje doe’t ik him oan it tillefoan hie…
“It giet allegearre wat stadiger,” seid er, “en ik bin wat gauwer wurch!”
Moai, net! Ienennjoggentich jier!
“Man,” rôp ik, “wêr hast it oer? As ik moarns de iene sok oanlutsen haw, dan moat ik efkes bekomme foar’t ik oan ’e oare begjinne kin.”

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. november 26, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]