De wierheid
It probleem mei de wierheid is dat dy foar ekstremisten absolút is en foar… eh, gewoane lju relatyf. De lêsten leit er earne yn ’e midden by. It wurdt in bytsje behyplik en jou in foarbyld fan in ekstremistyske groepearring dy’t leaut (!) de wierheid allinne te hawwen. Men wurdt op it heden foar likefolle watte blokkearre, no? Lokkigernôch allinnich fan de goede lju. Lit my ris sjen! De CPN bestiet net mear, leau ik, dat dy kin wol. De krante dy’t dy partij doedestiids útbrocht, híet sels De Waarheid. Sterker noch, it soe my neat gjin nij dwaan as de Pravda (= Wierheid) hjoed-de-dei jit útkomt yn Ruslân. In foarbyld fan it oare uterste? Lit my ris sjen! Beare Jehova’s tsjûgen net ek dat se jin de wierheid bringe?
It moaie fan ekstremistyske groepearrings, skreau ik lêsten – ik wit net mear wêr – is dat men dêr altyd wolkom by is. Men hoecht der neat foar te dwaan, bedoel ik, of te kinnen. Dat as men in grutte ûnbehelp is mei bygelyks it lizzen fan sosjale kontakten, sa kin men altyd telâne by sa’n groepearring. Hja wolle jin der graach by ha, want ekstremistyske groepearrings – de namme seit it al – sille nea ofte ninter mienstream wurde, hja sille jimmer oan ’e kant stean bliuwe. De iennichste twa betingsten binne dat men de regels, dêr’t net oan te toarnen is, as fêststeand oannimt, jin dêroan hâldt – alteast, foar it each – en ja en amen toetet op alles wat de opperteur(s) seit/sizze. Wat kriget men dêr foar werom? Dúdlikens! Wyt is wyt en swart is swart; oars as ekstremen ken men dêr ommers net. Net botte nuansearre, soe Us Rink sein hawwe, mar wol oersichtlik. Foaral ûnbegryplike minsken dy’t it paad bjuster reitsje yn ’e grutte wrâld en bang wurde – of dat fan natuere al binne – fine soks wakker noflik.
Ik moat fuort tinke oan de film Shawshank Redemption, dêr’t ien fan ’e finzenen in oare skynber sûnder reden it mes op ’e kiel set. Wêrom died er dat? De offert soe ommers meikoarten, nei withoefolle jierren, frijkomme. ‘Ynstitúsjonalisearre,’ ornearret âld rôt Morgan Freeman yn ’e film. Dêr bedoelt er mei dat it perfoarst gjin trewes is om it grutste part fan jins libben tusken fjouwer muorren troch te bringen en dêrtaboppe noch wreed tamtearre te wurden, mar… men wit wol wêr’t men oan ta is. En, yndied, de man wjukkelet noch in skoftsje yn ’e grutteminskewrâld om nei’t er op frije fuotten komt, mar docht him dan tekoart.
Ik ek, hear!
Nee, ju, ynstitúsjonalisearre, bedoel ik. Doe’t ik bygelyks alle skippen… eh, huzen efter my ferbaarnd hie, makke ik it sylboat dat ik oantúgd hie, ree foar in slachje om ’e wrâld. Mar as sneintejûns eltsenien tebekgong nei syn finzenis… eh, hûs, baan, hypoteek ensafierder, wûn it my ûnwollens dochs wat raar yn it liif om hoenear’t ik lykme-allinne efterbleau yn dy ûnbidige, o sa stille jachthaven: Bin ík-sei-de-gek altemets dejinge dy’t der neat fan begrepen hat?
Stjerrende wier, heite! It is… de wierheid.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]