De weardigensslachterij

Ik trof Binne yn it kafee foar de boekwinkel oer. In man as Binne allinnich yn it kafee, dêr moast ik it hoe en it het fan witte. Men soe ferwachtsje dat sa’n deeglike pater familias der mei frou en bern op út tsjucht op in linze dei.

As ik mei him fûstkje, sjucht er my suver wat trappearre oan. Ik bear oft ik gek bin, en sko by him oan.
– Do hjirre, jonge? Frije dei, tink?
Binne lit de fraach moai djip yn him omgean foar’t er anderet.
– Frije dagen by de rûs, seit er nei ferrin fan tiid, ik haw dien krige.
– Och hea …!

Wat seit men op sokke stuiten? En ta myn skande is myn earste tins, dat ik no wol fluitsje kin nei it famyljepetret dat er my jitris meitsje litte woe. Dat it no krekt dat iene hierke eigenbelang wêze moat dat fuort opspilet – wat in meubel fan in fint bin ik dochs!

– Ja, ik moast der wer ris wêze hjoed, by it CWI, ferklearre Binne syn bywêzigens yn ’e stêd.
– Sintrum … eh, Centrum voor Werk en…, ik stûkje.
– Inkomen, helpt Binne reewillich en hy huveret mei’t er it seit. No ja, wurk hawwe se net foar my. En oant no ta haw ik jit gjin botsen sjoen. Sintrum foar Skyt en Argewaasje soe gâns better passe.

Mar goed, dêr moast er earst hinne, nei it CWI ta, hie in kammeraat tsjin him sein, doe’t Binne krekt dien krige hie en fuort omsjen woe om wer oan ’e slach, fertelt er. “Dêr sil ik dan moarnier earst wol efkes oan”, hied er doe noch by de noas lâns sein. “Silst noch raar fan ’e bouten hoffene wurde,” hie de man kâldgnyske, “bist net samar fan har ôf!”
Binne hie doe noch tocht, dat soks wol in reinige dei tafalle soe, fertelt er. Dy lju fan it CWI soene grif begripe, dat men net sels om dy ôfgeande tiid frege hat. Mei oare wurden, dy lju fiele op ’en fynsten oan dat it wakker dreech is en hâld it hantsje op – benammen foar ien dy’t altyd fan himsels noed stien hat.

– Godskes, wat bin ik in blomkesiker, as it der op oan komt! Neat gjin minsklik kontakt, ju, de kâldens dripke derfan ôf. Neat gjin begryp foar jins sitewaasje: “Hoesa hawwe jo dat formulier alris ynfolle? Dat mei hinnebruie! As wy sizze dat jo dat ynfolje moatte, dan folje jo dat yn, blinder, sûnder babbelegûchjes!” Nee, mei dy wurden waard it net brocht, mar it kaam der al op del neffens Binne.
– En men moat fuort alles begripe, hin. Fragen om útlis beskôgje se as in fijannige died, sa’t it skynt. Se kinne de dingen faken net iens útlizze, want se begripe der sels neat fan. “Om’t it yn ’e wet stiet,” leit har yn ’e mûle bestoarn.
– Hokke wet, sykje ik om in tille toan, de wet fan Murphy?
Binne beart oft er it net heard hat. Hy kin ek noch wol yn it begryp komme foar sok hâlden en dragen, seit er. Lêstendeis doe’t er der wer ris wêze moast, hie in taffeltsje fierder in keardel sitten dy’t as lyts jonge kleardernôch te min toffelsmots krige hie.
– Roppe en raze as in duvel! Ik hie sa’n man der al lang útset, mar dy amtners moatte, sa’t it skynt, fatsoenlik bliuwe! Stiet ek yn ’e wet, tink. Dat falt om ’e bliksem net ta! As men jin as amtner net yn ’t harnas jeie litte wol, is it de baas en gean dêr fantefoaren ferfêst mar yn sitten. Dêrfandinne tink, dat se jin ûntfange mei sletten fizier en de lâns yn ’e oanslach.
Ik skatterje it út.

– Witst wat it is? Foar dij bin ik Binne, mei alles derop en deroan. Ik bedoel, do kenst myn eftergrûn, ús âldelju, ús bern. Do witst, wat ik allegearre út ’e wei set haw, do witst ek, hoe’t ús earste poppe …
Ik wurd kjel; dy trageedzje moatte wy no mar net op it rabat ha. Ik knik ferheftich, krij myn lege glês op en meneuvelje dêrmei nei in wolken fan in frommeske mei in wyt skelkje foar, wylst ik mei de oare hân twa oanjou.
– Mar teffens alle moaie dingen, kriget Binne himmend de trie wer op. Ik bedoel: foar dij, foar jim allegearre bin ik Binne, Binne fan Doede Nynkes, mei alle linten en flinten, ast begrypst wat ik bedoel …
Hy sjucht my ûnwis oan. Hy wit jit net rjucht, hoe’t er syn fielen ûnder wurden bringe sil.

– It is alsa ûnwennich, as men ynienen redusearre wurdt ta in NAW mei tillefoannûmer …
– NAW?
– Namme, adres, wenplak. It is dy lju, sa’t it skynt, net nei ’t sin, dat men al wakker bedêst is as men hinnegean moat en hâld de hân op. Se wolle it jin yndruie, sa’t it liket, jin jins alderlêste weardigens ûnttake. En, as men dan sûnder deksel – by wize fan – yn ’e bleate kont, oft men by dokter is, foar harren oer sit, wolle se jin leafst ek noch de knopen fan ’e jas snije, ast begrypst wat ik bedoel. Delbûkje, blinder, op ‘e knibbels! Krûpe foar de sinten sille jim!

Ik knik. Ik begryp, hokker knopen oft Binne bedoelt – mei ‘fan ’e bouten hoffene wurde’ wie it noch geunstich ferwurde fan dy kammeraat fan him. Ik sjuch it foar my, hoe’t it dêr by dat CWI om en ta giet – in slachthús benei. Lykas op it heden wizânsje is, moatte – út freze foar misbrûk – de goeden it mei de tsjoeden ûntjilde, nommele lju as Binne likegoed. Binne, dy’t sa geef as kryt is – wie kin ik no faaks better sizze. Binne, in gewearde keardel, mei earms as daampeallen en jimmer in glim op it antlit, hiene se dy no net yn syn wêzen litte kinnen!? Binne is Binne, blinder!
De ûnminsklike ûnferskilligens fan it systeem dat alleman ûnder ien hoed beflappe wol, Binne likegoed as Batafier, fljucht my hommels nei de strôt.
– Ja, wurdt it noch wat of is ’t in grapke, bylje ik grimmitich oer ’t skouder.
De wolken, dy’t ik net kommen heard hie, lit it blikje mei de twa blûn en blier skomjende bierkes fan kjellens knoffelje, by Binne oer ’t boesgroen.

– Binnen, seit Binne en hy glimket sa’t allinnich Binne glimkje kin, fan ear ta ear.

Dit vind je misschien ook leuk...