De wapens ynlevere

Ik bin op ‘e sliepkeamer.
Ik ha krekt mei in protte lijen de pyamabroek útstrûpt. It is de baas dat ik soks steandewei doch, haw ik útfûn, want dan komt it justjes minder bot op de krebintige lea oan.

Maria komt deryn. Hja is op myn krimmenearjen ôf kommen en freget wat der te rêden is. Froulju kinne bytiden fan dy ûnnoazele fragen stelle. Wêrom kin se my net yn myn wêzen litte. Hja moat no sa njonkelytsen dochs wolris witte, dat ik by it ferstrûpen tsjin ‘e latten op flean fan ‘e pine yn ‘e knieren.
– Ik lit de lytse man myn nije skuon efkes sjen, no goed?

Mar myn Maria leit net fan ien slach. Hja is goed fan reden en beskie en hat altyd wol wiksel.
Us mem soe sein hawwe: it bekje sit op it goede plak.
– Ik hie alsaleaf datst ris in nije hoed koftst.

Dit vind je misschien ook leuk...