De Swaarm

Twa, trije jier lyn haw ik Der Schwarm lêzen fan Frank … eh, noch wat (wolst dat efkes foar my opsykje, Dauwe?).
It giet oer in yntelliginte libbensfoarm yn see. Jit net ûntdutsen! Dat komt, de djipsee is minder ûndersocht as bygelyks de moanne.

Hawar, dy libbensfoarm dy’t kwa yntelliginsje de minske tsien kear yn ‘e rûnte kin, hat skjin syn nocht ôf fan alle smoargens en hat risselwearre dat it minskdom mei ierde en oer útrûge wurde moat. It boek lêst as in tsureluer fan omkaft ta omkaft.

Dat lêzen waard my juster tebinnenbrocht troch it nijsberjucht oer it safolste (in stikhinne tweintich yn in rite fan twa, trije moanne) ynsidint mei in boat yn Portegeeske wetters — in fiskersboat diskear — dat oanfallen, tebûke en hast sonken wie fan … orka’s.

Ferrek, kaam my ynienen yn ’t sin, sa begûn dat boek ek, fan Frank … Frank … (toe, ju, Dauwe, wurdt it noch wat mei dat opsykjen fan dij?).
Soe dy man in profeet wêze — in foech Nostradamus?

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. oktober 26, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]