De siel fan Amearika (part 2)
Us oprjuchtingsidealen oer frijdom en gelikensens wiene klets doe´t se delskreaun waarden. Swarte Amerikanen hawwe fochten en meitsje dy idealen wier. Sûnder dy striid soe Amearika hein nochte nei gjin dimmekrasy ynhawwe.
Artikel út de New York Times fan 18 augustus 2019 troch Nikole Hannah-Jones
(frije oersetting fan Jaap Slager)
De Feriene Steaten is in naasje basearre op in ideaal, alsa ek op in leagen…
Us Ferklearring fan Unôfhinklikens, ûndertekene op 4 july 1776 (en as earste(!) ûnderskreaun troch de Steaten fan Fryslân op 26 febrewaris 1782) stibelearret dat ‘‘alle minsken lyk skepen binne’’ en ‘‘fan harren Skepper bejeftige mei beskate erflike rjuchten.’’
De blanke manlju dy´t dy moaie wurden optochten, ornearren lykwols dat se net gouwen foar de hûnderten tûzenen swarte minsken mank harren. ‘‘Libben, Frijdom en it berinnen fan Lok’’ wiene net fan tapassing op goed in fyfte part fan ´e naasje.
Nettsjinsteande se op it stik fan frijdom en rjuchtfeardigens foar in winige doar kamen, leauden swarte Amerikanen ferfêst yn it Amerikaanske biedwurd. Troch iuwen fan swart tsjinwar en iggewearjen hawwe wy de naasje op ´e kluten holpen en doch syn stiftingsidealen rjucht. En net allinne foar ússels – de striid om swarte rjuchten hat it paad sljuchte foar de striid om rjuchten fan oaren, ynbegrepen de striid fan froulju, homoseksewelen en minderfaliden om likense rjuchten.
Us dimmekratyske lân soe der hjoed nei alle tinken hiel oars útsjen sûnder it idealistyske, fûlbannige en heitelânsleavjende krewearjen fan swarte Amerikanen. Faaks hie it hielendal net in dimmekrasy west.
De alderearste persoan dy´t yn ´e Amerikaanske Rivvelúsje foar dit lân foel, wie in swarte man dy´t sels net frij wie. Crispus Attucks wie flechte út ´e slavernij. Mar dochs hied er syn libben opset ta in nije naasje dêr´t syn eigen folk noch in iuw lang net de frijdom, dellein yn ´e Ferklearring, yn meinimme soe.
Alle oarloggen dy´t dizze naasje sûnt begûn is, hawwe swarte Amerikanen yn meifochten. En hjoed-de-dei binne wy it meast fertsjintwurdige ras yn it Amerikaanske leger.
Us heit, ien fan de earste fan de wittefolle swarte Amerikanen dy´t gefolch joegen oan ´e oprop, begriep eat dat my noch jierren kostje soe en krij it yn ´e lampe: dat it jier 1619 (it oanbegjin fan ´e Amerikaanske slavernij) like wichtich is foar de Amerikaanske stoarje as 1776. Dat swarte Amerikanen, likegoed as dy yn albaster beitele pommeranten yn ´e haadstêd, de wiere Founding Fathers fan de naasje binne. En dat der gjin folk is dat mear rjucht op dy flage jilde litte kin.
Thomas Jefferson siet oan syn draachbere skriuwtaffeltsje (in soarte fan ´reisburo´😉, jsl) yn in pinsjon yn Philadelphia yn juny 1776 en skreau de wurden: ‘‘Wy achtsje dizze deugden fanselssprekkend, dat alle minsken lyk skepen binne en fan harren Skepper bejeftige mei beskate erflike Rjuchten – ûnder mear Libben, Frijdom en it berinnen fan Lok.’’ Dizze berette bewissing fan ´e fûnemintele en oanberne minskerjuchten op frijens en selsbeskikking hat foar de lêste 243 jier ús wrâldwide rippetaasje útmakke fan Lân fan Frijdom.
Wylst Jefferson syn besieljende wurden op pepier sette, siet likewol in jonkje dat nea it geniet fan dizze rjuchten en deugden hawwe soe, beneistenby te wachtsjen en betsjinje syn master op syn winken.
Robert Hemings wie syn namme, en hy wie it healbruorke fan Jeffersons wiif, want hy wie berne ta Martha Jeffersons heit en in frommiske dat syn besit wie. It wie in âlde gewoante fan blanke slavehâlders en hâld harren healswarte bern yn slavetsjinst. Jefferson hie boaike Hemings útkipt, út omtrint 130 ta slave makke minsken dy´t harren ferwrotten yn it twangarbeidkamp dat er Monticello neamde, en beselskipje him nei Philadelphia mei´t er (Jefferson 😉 , jsl) syn heareneintsje libben fuortsette koe wylst er de tekst optocht foar it karbrief fan in nije dimmekratyske rippeblyk op grûn fan persoanlike minskerjuchten.
In fyfte part fan de befolking yn de 13 koloanjen moast yn dy snuorje bûgje ûnder in ûnskeamel slavernijstelsel dat nin wjergea hie yn ´e wrâldhistoarje – it wie net troch tafallige of tydlike omstannichheden ynjûn, mar troch hûdskleur. It wie erflik, it wie ivich – itjinge betsjutte dat ginneraasjes fan swarte minsken yn ´e slavernij berne waarden en de slavestatus op har bar oan harren bern trochjoegen. Ta slaaf makke lju waarden net as minsken tjilde mar as besit dat mei in hypteek beswierre wurde koe, ferhannele, koft, ferkoft, as boarch brûkt, as jefte weijûn en byneed fermoarde.
Jeffersons kollegakolonisten wisten fansels blikstienderse goed dat swarte lju ek minsken wiene, mar se skoepen in netwurk fan wetten en brûkmen dat ferbjusteret troch de presizens en wredens allinne al. En dat harren de bewissing joech dat ta slaaf makke lju nea en te ninter as minsken behannele wurde soene.
Sa´t de abbelysjenist William Goodell skreau yn 1853: ‘‘As eat basearre op leagens wittenskip neamd wurde kin, kinne wy it Amerikaanske slavernijstelsel al syn dagen wol taheakje oan ´e list fan eksakte wittenskippen.’’
[ein fan diel 2]
Suver Nuver: r. 1. … ek op ‘n leAgen/…
Lêste sin: wittenskip baseärre op leAgens.
Citaat boppe: “hein nochte nei” kin net, is ‘t sellde.
Heine Easten. Hiin ofte nei. Fier en hein. Hinter behind …
‘n Heale ieu li’en wier “dimmekratiske rippebliik” populair,
Mar ik kom it all ‘n 30 yier net mear tsjin, Rivvelúsje, rippetaasje,
Abbeliisjenist …
Bist ommers de iennichste dy´t myn stikjes lêst, jonge, foar´t se yn Nij Frisia telâne komme. Dat dan mei ik wol in bytsje piele, net! Net eltsenien is sa´n ortografyske baasman as do, moatst mar tinke. 😉