De siel fan Amearika (part 1)
Us oprjuchtingsidealen oer frijdom en gelikensens wiene fuort al klets doe´t se delskreaun waarden. Swarte Amerikanen hawwe fochten en meitsje dy idealen wier. Sûnder dy striid soe Amearika hein nochte nei gjin dimmekrasy ynhawwe.
Artikel út de New York Times fan 18 augustus 2019 troch Nikole Hannah-Jones
(frije ferfrysking fan Jaap Slager)
Us heit liet jimmer de Amerikaanske flage waaie op ús hiem. De blauwe ferve fan ús hûs felle erflik; it sket, of de treppensleuning, of de foardoar wiene ivich suterich, mar dy flage wie altyd tiptop yn oarder. Us hoekhûs, dat fan ´e fidderale oerheid negere waard, stie oan ´e rivier dy´t it swarte diel fan ús stedsje yn Iowa skate fan it blanke diel. Yn ´e hoeke fan ´e bleek, heech oan in alleminium peal, wappere de flage, dy´t fan ús heit by it lytste bewyske fan ôftakjen troch in nije ferfongen waard.
Us heit kaam út in famylje fan lienmannen, dy´t in part fan de risping oan harren lienhearen ôfdrage moasten, op in blanke plantaazje yn Greenwood, Mississippy, dêr´t swarte lju oer katoen gear wiene fan sjuch-noch-neat moarns oant sjuch-neat-mear jûns – lykas harren ta slaaf makke foarâlden dat noch net sa botte lang lyn dien hiene.
It Mississippy fan ús heit wie in apartheidssteat dy´t syn swarte befolking, dy´t omtrint yn it meartal wie, ferhûddûke mei gewelddieden dy´t jin de siken besette. Blanke ynwenners fan Mississippy lynchten mear swarte minsken as dy fan hokker oare steat dan ek. En de blanke lju yn ús heit syn lânsdouwe lynchten mear as dy yn hokker lânsdou yn Mississippy dan ek – fakentiden foar ‘‘misdriuwen’’ as in keamer ynkomme dêr´t op dat stuit blanke froulju ferkearden, by ûngelok tsjin in blank mokkeltsje oan botse of in fakbûn fan lienmannen begjinne.
Us heit syn mem, lykas alle swarte lju yn Greenwood, mocht net stemme, net fan ´e bibleteek brûk meitsje en gjin wurk sykje oars as oer de kluten bealgje op ´e katoenfjilden of ezelje by blanke lju yn ´e hûs.
Dat, yn ´e fjirtiger jierren fan ´e foarrige iuw krige se har spullen en har trije lytse bern byinoar en sleat har oan by de stream swarte suderlingen dy´t nei it noarden flechten. Hja stapte fan ´e trein yn Waterloo, Iowa, dêr´t alle hope fan it mityske Lân fan Belofte mei ien trêd de grûn yn wâde waard doe´t se gewaarwaard dat Jim Crow net ophold by de Mason-Dixon-grins.
Beppe, sa´t wy har neamden, fûn in hûs yn in ôfskate swarte wyk oan ´e eastkant fan ´e stêd. En hja fûn wurk dat beskôge waard as swarte frouljuswurk, likefolle wêr´t swarte froulju taholden – húshimmelster by blanke lju. Us heit hie der ek wol oan en ûntdek belofte yn dit lân. Doe´t er 17 wie, yn 1962, tekene er foar it leger. Lykas wittefolle jonge manlju gong er by it leger en ûntkom de earmoed. Mar hy die it ek út in oare reden, in reden dy´t swarte manlju wakker hiem wie: Us heit tidige derop dat er, as er as soldaat syn lân tsjinne, troch syn lân einlings en t´en lêsten as Amerikaan behannele wurde soe.
It leger loste dy belofte net yn. Hy waard foarbyparte by wurkpaadkânsen en syn ambysje rûn stomp. Hy rekke ûnder ûnkleare omstannichheden út tsjinst en wurke tenei yn in bûnte rige fan tsjinstferbannen foar de rest fan syn libben. Lykas alle swarte manlju en froulju by ús yn ´e famylje hied er in ûnferwrichber leauwe yn hurd wurkjen. Mar, lykas alle swarte manlju en froulju by ús yn ´e famylje bebuorke er neat, hoe´t er ek wrotte en wrame.
Dat, yn ´e tiid dat ik jong wie, wie dy flage op it hiem my in baarch mei in gouden earizer allyk. Hoe koe dizze swarte man, dy´t foar eigen eagen sjoen hie hoe´t syn lân swarte Amerikanen ferhûddûke – ja, it planút ferknikte en behannelje ús as folsleine boargers – yn ´e goedichheid sa grutsk de flage fan datselde lân waaie litte?
Ik begriep de barrels fan syn heitelânsleafde. Sterker, ik skamme my dea.
Ik hie op skoalle leard, troch kulturele osmoaze, dat de flage net earlik uzes wie, dat ús skiednis as folk fan ´e streek gien wie doe´t wy ta slaaf makke wiene, en dat wy net dat makket bydroegen hiene ta dizze grutte naasje. It die bliken dat ús dizige bân yn it skiere ferline mei Afrika – in plak dêr´t wy nea of te ninter west hiene – wol omtrint it neiste wie dat swarte Amerikanen oan kulturele grutskens hawwe koene.
Dat ús heit it him ta in eare rekkene dat er Amerikaan wie, fielde dêrom as in bewiis fan syn bûgjen, fan syn oanfurdigjen fan ús ûnfolweardigens.
Lykas de measte jonge minsken tocht my ek dat ik alles wol foar it snotsje hie, wylst ik der winliken mar in bittere bytsje fan begriep. Us heit wist nammentlik bligslaggerse goed wat er die hoenear´t er dy flage útstuts. Hy wist dat ús bydragen oan de bou fan it rykste en machtichste lân op ierde ûnferwiskber binne, dat de Feriene Steaten sûnder ús ienfâldich net bestien hiene.
Skraachoan tolve jier nei´t de Ingelsken Jamestown yn Virginia stift hiene, koften de kolonisten fan dat plak yn augustus 1619 sa´n 20 oant 30 ta slaaf makke Afrikanen fan Ingelske piraten. Dat wie jit in jier foar´t de puriteinen foet oan lân setten yn Plymouth Rock, en noch 157 jier foar´t de Ingelske kolonisten it überhaupt yn ´e plasse krigen dat se harren eigen lân stiftsje woene.
De piraten hiene dy minsken stellen fan in Portegeesk slaveskip, dat har ûnder twang weihelle hie út wat hjoed-de-dei de Republyk Angoala is. Dy manlju en froulju dy´t doe oan lân brocht waarden, op dy simmerdei yn augustus, wiene it oanbegjin fan de Amerikaanske slavernij. Hja wiene de earste fan 12,5 miljoen Afrikanen dy´t fan ´t bêd lichte en yn boeiens oer de Atlantyske Oseaan fierd waarden, yn de grutste faksearre migraasje sûnt minskewitten oant de Twadde Wrâldkriich ta.
In stikhinne twa miljoen minsken oerlibben de grousume reis, de wreed ferneamde Middle Passage, net.
Oant it stuit ta dat de ynternasjonale slavehannel yllegaal ferklearre waard, wiene al goed fjouwerhûnderttûzen ta slaaf makke Afrikanen ferkoft oan Amearika.
Dy minsken en harren neiteam transformearren it lân dêr´t se ûnwollens hinnebrocht wiene ta guon fan ´e meast suksesfolle koloanjes fan it Britske Ryk. Troch leabrekkend wurk kultivearren hja de grûn fan it gânse súdeasten. Hja learden de kolonisten rys te bouwen. Hja bouden en rispen katoen, dat op ´e top fan ´e slavernij yn it hiele lân it measte sleet opsmiet, goed foar de helte fan alle Amerikaanske eksport en foar twa treddepart fan ´e wrâldpreduksje. Hja bouden de plantaazjes fan George Washington, Thomas Jefferson en James Madison, baas bûtenpleatsen mei wide lânerijen, dy´t tsjintwurdich tûzenen toeristen fan witwêr oanlûke, alhiel yn ´e besnijing fan ´e histoarje fan ´e grutste dimmekrasy fan ´e wrâld. Hja (ik haw it noch oer de ta slaaf makke Afrikanen, net oer de toeristen 😉 , jsl) leine de fûneminten fan it Wite Hûs en it Kapitoal, en pleatsten sels mei harren ûnfrije hannen it Frijheidsbyld op syn sokkel. Hja tôgen de swiere houtene bylzen teplak foar de spoarbanen dy´t it suden trochkruse en dy´t omraken te pas kamen by it ferfier fan it katoen dat se rispen, nei de tekstylfabriken yn it noarden, `brânstof´ foar de Yndustriële Rivvelúsje. Hja bouden in ûnbidigen woltier foar blanke lju yn it noarden en suden — op in bepaald stuit wie de op ien nei rykste keardel fan it lân in slavekeapman fan Rhode Island.
Winsten oer de rêgen fan swarte minsken holpen de jonge naasje wakker by it ôfbeteljen fan kriichslêsten en it finansierjen fan ús meast foaroansteande akkedemys. It wie it rêstleaze keapjen, ferkeapjen, ferassurearjen en finansierjen fan harren lichems en de opbringsten fan harren bodzjen dy´t Wall Street ta in treftich sintrum fan banken en fan fersekerings- en hannelsbedriuwen makken – en New York City ta de finansjele haadstêd fan ´e wrâld.
Mar it soe skiedkundich net hielendal krekt wêze en riddesearje de bydragen fan swarte minsken ta de bombidige stoflike rikens, fergearre troch ús finzenskip. Swarte Amerikanen hawwe ek essinsjeel west, en binne dat noch hieltyd, foar de noasje fan Amerikaanske frijdom. Mear as hokker oare groep dan ek hawwe wy, fan slachte op slachte, de histoarje fan dit lân tsjinne yn in fakentiden oer de kop sjoene, mar fitale rol: Wy wiene it dy´t dizze dimmekrasy aloan perfeksjenearre hawwe.
[ein fan part 1]
Recente reacties