De siel fan Amearika (3)

Us oprjuchtingsidealen oer frijdom en gelikensens wiene al klets doe´t se delskreaun waarden. Swarte Amerikanen hawwe fochten en meitsje dy idealen wier. Sûnder dy striid soe Amearika hein noch te nei gjin dimmekrasy ynhawwe.

Artikel út de New York Times fan 18 augustus 2019 troch Nikole Hannah-Jones
(frije oersetting fan Jaap Slager)

Ta slaaf makke lju koene net wettich trouwe, se mochten net (bygelyks, lêzen) leare en it wie har ferbean gearkomsten te hâlden. Hja hiene gjin rjucht op har eigen bern, dy´t op buorden komme koene, njonken kij en oare kreammerij: “Negers te keap” – slavehâlders en rjuchtbanken hiene skyt oan memmebining, besibbens ensfh. Dêrom net, mar by de measte rjuchtbanken hiene ta slaaf makke lju net iens in wetlike status – slavehâlders koene har skeine of deadzje sûnder wetlike gefolgen. Ta slaaf makke lju koene neat ynhawwe, neat neilitte, neat ervje. Hja waarden op wetlike basis foltere – ja hear, ek troch de foarmannen dy´t Jefferson yn it wurk hie. Dy foarmannen lieten slaven har letterlik deabealgje en skuor har de maksimale risseltaten út foar de blanke foaroanmannen dy´t har yn besit hiene.

Lykwols wie it in favorite rinkelbel fan ´e kolonisten, hoenear´t se kapsje makken op ´e Britske twingerij, om te krimmenearjen oer… dat se slaaf wiene – slaaf fan Brittanje. Hja waarden fanwegens dy dûbeldhertigens omtinken op ´e rasp lein, sawol yn eigen lân as ek yn it bûtenlân. Sa´t Samuel Johnson, in Ingelske skriuwer en behâldsman, dy´t poer tsjin wie op Amerikaanske ûnôfhinklikens, it sa behindich sei: “Hoe yn ´e wrâld is it mooglik dat de lûdste rop om frijdom no krekt fan slavedriuwers komme moat?

Wat se foar it gemak út ús ûntsteansskiednis weilitten hawwe is wat de prinsepealste reden foar de kolonisten west hat om te risselwearjen foar ûnôfhinklikens fan Brittanje: de kolonisten woene de slavernij net ôfskaffe.

Brittanje wie om 1776 hinne slim ferlegen mei syn rôle yn dy barbaarske ynstitúsje dy´t it westlik healrûn sa´n metamorfoaze trochmeitsje litten hie. Yn Londen waard der hieltiten fûlder agearre foar ôfskaffing fan ´e slavernij. Soks soe de koloanjes likewol ekonomysk nei gychem helpe, yn it noarden likegoed as yn it suden. De woltier en it foaroanplak, dy´t Jefferson, yn ´e âldens fan 33 jier, en de oare Founding Fathers it betrouwen joegen dat se mei sukses losbrekke koene fan it machtichste ympearium yn ´e wrâld, kamen fuort út ´e bombidige baten dy´t de slavernij teweibrocht.
Oars sein, wy wiene faaks nea yn ´e wapens kommen tsjin Brittanje as de Founding Fathers der net fan oertsjûge west hiene dat se dêrta by steat wiene tanksij de slavernij. En dat dyselde slavernij inkeld mei ûnôfhinklikens ûnbehindere trochgean koe. It is beslist gjin tafal dat tsien fan ´e earste tolve presidinten fan dit lân slavehâlders wiene. Dit lân is net fan ´e streek gien as dimmekrasy, mar as slavekrasy.

Jefferson en ´e oare Founding Fathers realisearren har harren eigen skynhilligens, harren falske fjoer, blikstienderse goed. En dêrom besocht er yn ´e earste fersy fan ´e Unôfhinklikheidsferklearring te beärgumintearjen dat it net de fout fan ´e kolonisten wie. Yn stee dêrfan joech er de skuld oan ´e kening fan Ingelân – dat er de ynstitúsje fan slavernij tsjin(!) harren wollen oan ´e kolonisten opkrongen hie. En hy neamde de hannel yn minsken in misdie. Mar Jefferson likegoed as de Founders hiene it út ´er stee net op ´e hûd en skaf dy slavernij dêrom ôf – om ´e wet net! Dat, hja hawwe dy passaazje op ´t lêst dan dochs mar skrast.

Dit vind je misschien ook leuk...