De perfekte stoarm
It is de hjitting dat Poetin by de fal fan De Muorre, dy’t it útienfallen fan ’e Sovjetuny ynlette, as KGB-spion yn Dresden stasjonearre wie. Hy seach syn karriêre by it totalitêre rezjym, dy’t krekt de loop der wat ûnder hie, yn fjoer en reak opgean en soe doe op slach en stuit besward hawwe dat er de westerske demokrasy, as er syn wille begean koe, fan kant helpe soe.
As wy dat doedestiids witten hiene, soene wy him nei alle tinzen skealik fuortlake hawwe. Ommers, demokrasy wie ús prinsepealste eksportprodukt. Hoe soe sa´n hampelman-op-nullehakken dêre yn ’e goedichheid mei ôfweve kinne?
Goed tritich jier letter is it mynhear Stek-yn-‘e-Bûse dy’t laket — ús westerske demokrasy rûkt ysbaarlik nei de lodde.
Wêrom’t ik dut op it aljemint bring?
No, ik fyn it in moai foarbyld fan dat wy it fêste leauwe hawwe dat it eat gruts wêze sil dêr’t it minskdom troch te moster en te leage giet. In baas meteoryt of sokssawat. Lytsichheden hawwe wy net folle foar op ’e rekken. No is it fansels al sa dat it lytse Flardemier omtinken yn ’e kaart wierre, troch:
- De doetiidske potintaten hiene him wakker heech
- De opgong fan sosjale media, dy’t har útwiisden as in machtich wapen yn ’e hannen fan saneamde influencers
- De ûnbegrinzge dommens fan de grutte massa dy’t it ferpoft en brûk him de harsens
Hawar, as wy lytse dingen net earnstich behannelje, dan kin men fan tinken wol ha dat in mikro-organisme by hea noch strie yn tel is. Dat, it gong it kroanfirus oant no ta foar it lapke, likefolle wêr’t er him waaie liet, troch:
- De notiidske potintaten hiene him net botte heech
- De opgong fan leauwe yn lju dy’t sizze wat ús as lij wetter yn ’e earen rint/de delgong fan leauwe yn lju fan witnis
- De ûnbegrinzge dommens fan de grutte massa dy’t it ferpoft en brûk him de harsens
Lju dy’t de sitewaasje opkleure mei grapkes en it ûnsichtbere(!) firus “met de hamer platslaan” wolle, litte my tinke oan dy hierknipper yn Pompeï dy’t doedestiids tsjin syn klant sei: “Hy grommelet hjoed wer as in woartelpôt, dy âld fulkaan fan ús — hy wit sa’t skynt net oft er skite of spui
Recente reacties