De man it skip, it wiif it roer

Jaap komt moai hastich de jachtweide yn, rint sûnder — lykas wenst — it hear oer te sjen streekrjucht troch nei de tape en hjit Jelle: ‘Jou my hurd ien!’
Jelle, in taper fan it âlde laach, docht sûnder tantsjen wat der fan him frege wurdt. Hy skinkt Jaap fuort in romerfol — Boazumer mjitte.
Jaap giet yn ‘e bocht, byt de kop fan ‘e romer, rjuchtet him de rêch wer, kriget it gleske op, ropt tsjin nimmen yn ‘t bysûnder ‘Dat ús froulju noch lang gjin widdo wurde meie!‘, wipt it lêste oer de tonge en hjit Jelle: ‘Noch ien!’
Jelle docht fannijs wat der fan him frege wurdt.

As Jaap syn tredde slokje útnommen hat, ornearret Jelle dat it oan it sûnfreegjen ta is.
‘Spul mei Maria?’
Jaap nikt dimmen nei syn lege romer en Jelle tapet him nochris fol.
‘Der kin mar ien de baas wêze,’ makket Jaap lang om let de reven los, ‘safier bin ik der mei!’
Jelle sjucht benijd op — sa ken er syn fêste klant net.
‘It is fansels al sa,’ hifket er hoeden, ‘der hearre gjin twa grutte mêsten op ien skip.’
‘Dêre seist sawat, heite! Sa is ‘t mar krekt … No ha wy de ein, sei ik tsjin har, ophâlde no!
Jelle wit net hoe’t er it hat.
‘En,’ tantet er, ‘hoe reagearre se dêr op?’
‘Ik krige har safier, hja kaam op hannen en knibbels nei my ta.’
‘Nee, wol!’ is Jelle alhiel fan ‘e wize.
‘Jawis!’ nikt Jaap ûlich. ‘Se sei: Kom ûnder dat bêd wei, grutte skiter!

You may also like...

1 Response

  1. Good blog you have got here.. It’s difficult tto find xcellent writing like yours these days.
    I really appreciate individuals like you!
    Takee care!!
    https://clients1.google.tm/url?q=https://kratomwwwtea.com
    kratom for nerve pain
    kratom for nerve pain https://clients1.google.nu/url?q=https://bestwwwkratom.com