De lytse man
It hie der yn it earstoan alles fan oft de iene lytse man de oare lytse man lytsman (Zelensky) meitsje woe.
Mar no is it dy iene lytse man sa’t skynt yn ‘e plasse slein. Hy beliket no in idioat dy’t syn wiif, dy’t net mear mei him wol, út ‘e ljochten helpt (it biedwurd: net mei my, dan mei net ien) en fuort dêrnei himsels tekoart docht.
Ik bedoel hoe moat men it oars tsjutte dat er in lân dêr’t er sa’t it hjit slij nei is, mar dat neat fan him witte wol en dat stiiffol stiet mei kearnsintrales, driget mei – en no komt it! – mei kearnwapens… hahaha! Watte?… de stek-yn’e-bûs lit al op de grutste sintrale fan Jeropa sjitte – in kearnreaktor dy’t Tsjernobyl wol tsien kear yn ‘e rûnte kin.
Hie dyselde krobbe net it heechste wurd oer Tsjetsjeenske selsmoardterroristen doedestiids? Dat poarre is sels in selsmoardterrorist, ju.
Der wurdt grute dat it pjut-mei-in-holle-as-in-Russysk-aai (hoefolle skilen soene dêrfan ôffalle as men it dopje soe; of hjit soks net in Russysk aai?) oanhelle is mei in syktme dêr’t gjin ferwin op is. Go out with a bang, neame de Amerikanen soks.
Hy doart it fansels net oan en kom Fryslân oer it mêd. Hy is wol wizer. Dat hiene de Romeinen doedestiids al net op ‘e hûd en de Spanjoalen seagen soks ek in gat yn ‘e kop. Dat komt, de Nederlanners binne sa’t it hjit de grutste lju op ierde. Dat men kin fan tinken wol ha, dat de bewenners fan ‘e noardlike Nederlannen de alderbaldergrutste binne.
Dêrfandinne dat men it regear yn De Haach ek in aai yn ‘e kont siede kin, as it foar de Ôfslútdyk stiet. En dy baasmannen binne oars foar de duvel en syn moer noch net bang. Mar ‘nee, wy baarne ús de fingers net oan de Fryske frijheidsgeast — oe heden nee!’
Sjuch, en sa giet it dat lytse Vlady ek. Oars hied er allang by de Lauwers stien – yn stee fan by de Dnjepr.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]