De lege midden
Sosjaal kontrakt
Us wetters hoege fansels net ien wei út te rinnen, sa net – dat soe teffens de earste kear wêze, wol my oan! – mar ik-sei-de-gek haw altyd fan betinken west dat de liberale demokrasy in foech sosjaal kontrakt wie tusken middenstân en politike elite. Dat kontrakt hold yn dat de as lêste neamde alle writen dwaan sil en hoedzje en noedzje foar de ekonomyske en kulturele feiligens fan it folk dat syn brea fertsjinnet yn ´e middenstân.
Ik skreau mei opset sin wie en hold yn, want…
Ekonomyske krisis
Troch blynwei te seil te gean op ynternasjonalisearring en globalisearring hat dyselde politike elite him de leie raar út ´e hannen arbeidzje litten. Nije plutokraten as Amazon tegnjirdzgje de winkelman dy´t net online is, en multinasjonals ferplakke fan ´e iene op ´e oare dei de produksje nei in oar lân. Dêr giet ús negoasje! Dêr giet ús fêste baan! Heu, soene jim net noed stean fan ús ekonomyske feiligens?
O, dy fraach is de politike elite efkes ûntkommen, want se wiene wakker besteld mei it stibelearjen fan in bank – in bank dy´t sowieso fierstente grut is en fal út himsels om, mar… toe mar.
Kulturele krisis
Ja, wat is kultuer? Eat dêr´t op besunige wurde kin – dat yn it foarste plak, sa´t it liket! Mar, fierders?
De Nachtwacht? Ferdraachsumens? Godstsjinstfrijens? Solidêrens, sizze jo? Jawis! Giet it goed, dan hawwe wy it allegearre dien; giet it tsjoed, dan komt it op ´e kop fan ien del! Dy Nederlânske solidêrens hat dizze jonge op in pypfol…
Watsjo? Mieningsfrijens?
Noch nea fan Facebook en Google heart, tink – hja beskiede wat wy miene.
Wat wie dat? Meikedize? Parlemintêre demokrasy?
Dêre hawwe wy de loarte by de skjinne ein…
Parlemintêre demokrasy
Hoe giet soks yn syn wurken? It folk rekkenet regear en parlemint ienris yn ´e 4 of 5 jier ôf op harren hâlden en dragen – sizzen is neat ommers, dwaan is in ding! En dan tsjucht de folgjende ploech nei harren wurkplak, it parlemint, foar in nije termyn.
Mar, doe wiene der guon út ´e politike elite dy´t by harsels tochten: “Soe it gjin trewes wêze oft wy bûten it parlemint om streekrjucht it folk bespylje koene!”
´Bypassen´ neame Hollanners soks – eat dat Friezen perfoarst net lije meie. Mar no sûnder gekheid, te uzes hiet it sljuchtwei: manipulatyf populisme. Wiegel wie in meunster op dat mêd. Ik wit noch goed hoe´t er it folk de boade dwaan koe wylst er rjucht yn ´e kamera seach.
Populisme
It folk falle njonkelytsen de skilen fan ´e eagen. It kriget hieltyd better foar it snotsje dat dy tradisjonele grutte partijen inkeld sabeare alternativen wiene – it wie mear in spultsje fan inoar om bar de macht taskowe. Monopoalje, oars net!
Dyselde baasmannen dy´t sjugge dat harren grutte liberale basis stadichoan fertinnet, betiigje no mannen as Wilders en Bidet yn Nederlân, Farage en BoJo yn it Ingelân en sa kin ik alle tradisjoneel liberale lannen yn it Westen wol bylâns gean, fan… – en no komt it! – …manipulatyf populisme.
De lege midden
Moai, net! De liberale elite beskuldiget de populisten derfan dat hja de nije media misbrûke(!) en helje mei fâlsk nijs – fia bygelyks Facebook en Twitter – de kiezers by him wei. Dyselde elite hat ommers sûnt mear as fyftich jier it patint op wierheid – op wat goed is en wat tsjoed! Is it net sa!
Soene dy baasmannen wierliken jit net yn ´e loer hawwe dat hja rispje wat hja sels siedde hawwe? Hawwe se no noch net foar it ferstân dat mannen as Baudet en Wilders – of Bolsenaro en Trump – net de oarsaak binne fan it liberale falen, mar de útwurking dêrfan?
Oplossing
Ja, hoe moat ik dat witte? Ik wol altemets ek ris wat sizze. Of mei soks ek al net mear? Synysk, ikke? Och heden, as ik jim grutste probleem bin, dan witte jim net wat synisme is. No goed, in oplossing…
Witte jim noch hoe´t der gjin merknammen neamd wurde mochten op it tillevyzje? Alteast, net bûten de reklameblokken om. Ja? Hoe is soks foar beropspolitisy? Liket jim dat net wat en sis tsjin harren: At jim wat te melden hawwe dan dogge jim dat mar op jim wurkplak, yn it parlemint, of yn ´e `Utstjoertiid fan Politike Partijen´!
En, de earste de bêste dy´t it yn ´e plasse kriget en uterje him fia de (nije) media mei in politike boade, wurdt fuort op non-aktyf set…
Watsjo? Impeachment?
Hoe´t jim it mar neame wolle.
Is dat wat?
Watte? Dat makket noch gjin ein oan fake news?
Falsk nijs
Ja, ho, dat probleem is sa âld as de wrâld. Mar lokkigernôch hawwe der altiten minsken west dêr´t in kop op sit en dy´t begriepen dat men net alles leauwe moat wat der sein wurdt? Dat, hja moatte no ek mar leare dat men net alles leauwe moat wat der skreaun wurdt, hear. Sa bin ik der mei!
What saine Yo? Freie miening’s uutering. Dea’swije up tv.
Plutocraten, ’n blood-moaie faam, Perséfoné-Proserpina,
Elite, politike hegerein, berte-godinne Elytheia, de Parcen,
Promovendum.nl segregaasje twadieling Discriminazi 66.
Stipulearje ’n bank yiéld-laad sûnder rinte, trewes bypasse.
Tegnjidzje ’n winkelcintrumân, ’t Lege Midden is ne’er full.
Uutforkeapje, Upstalsboom Vlog Wiegeljendeway Cf.’eK.
Baudet betiigje? Woest what Wiilders fon PvV of FvD?
Monopoalje, Metropolis, Troaie fallt throagh ’n hiinder.
Mondialiseärring, liberale Famke Helsema fon ‘e GL
is BruunRjochts, VVD dus. Manipulative populisten,
iinvasive exoaten. BAsen reapsje (rispje letterkear).
De Wiérhied CPN. Tsjoed, Duuts, fólk’s, Théodesin.
Gemien, gewoan, min, mean street. O Hedon Hôf!
Âll-to-meds uutseining up radio of tv. Hain-&sein-
reau, ark, zend-&ontvang-installatie. Boàdskippen
Binne Bliid. iimpeachment tsjin fake neys, sayste.
Is dut yn it ramt fan ´e Utstjoertiid foar Politike Partijen, Douwe?
Eale Jaap,
Ek in moai stikje foar Nij Frisia. Ek mar ris pleatse letter? Wat tinkt dy?
Mhgr.,
Sytze
Tige tank! Ja, hear, yn oarder!
Miin stickje wier nèt foàr iin ‘e Uut-Seintiid foàr Parteien.
Mar âs commintaar up ‘e be-hainingen by di, Hain, Jaap.
What shouls iim-peach-ment to maitsjen ha mei perzik?
What taalkundige en ferkiezing’s fragen. ‘Blood’-, pluto-!
Teutoansk. Ein’s orneärre om iin Nij Frisia up te nimmen.
NEW-FRIESLAWN, mar Piter@Dykstra.Frl – en Siitze fine
de text fêst net iin-oàrder.