De lege midden (2)
Ik skatterje it út op sokke stuiten. Men hat wol fan sokke lju heart, op it tillfyzje bygelyks, of oer har lêzen, mar … nee, wol? Besteane hja yn it echt?
Sa wie ik ris noflik op ‘e tok mei in Ingelsman, doe’t er ynienen sei dat er oanhinger fan Trump wie. Ik wie slop. Mar doe krige ik yn it snotsje dat er it serieus bedoelde.
– O, sorry, hear!
Mar it petear stûke; de man wie misledige.
Ik wie op in kear ek misledige, doe’t ik in Dútser op in sylboat te reden stie — dy man op syn boat en ik op ‘e steger. Ynienen doek er de roef yn, klapte de doarkes ticht en kaam net mear foar it ljocht. Ik wie alhiel ferbouwerearre. Want it petear hie oer fiskjen op see west. Wa koe dêr no oanstjit oan nimme?
Ik spuide him letter op syn festje dat ik dat in nuver dwaan fan him fûn hie. Hy ûntskuldige him mei dat der in fleantúch oerkommen wie. Doe’t ik him sûgich oanseach, leid er my út dat sa’n streek efter in fleantúch rjuchting Faro gjin útlitgassen wiene, mar firussen, dy’t op gesach fan Bill Gates ferspraat waarden. Ik prúste it út.
De man, yn ‘e wjuk sketten, hat oant syn hommelse ferstjerren ta nea wer in wurd mei my wikselje wollen …
Hin?
O … in firus, tink.
En no wie der fan ‘e wike in Hollanner dy’t ha woe dat dy hiele kriich yn ‘e Oekraïne omstutsen wurk wie en bewurkmasterje in ekonomyske krisis.
– O, wachtsje, gnyske ik, jo binne sa’n … hoe hjit it? … in komplottinker? Dêr siet er net fier fanôf, seid er.
Ik freegje my bytiden ôf: Hoe komme sokke lju sa op ‘e doele?
Oars sein: Hokker binne de sintrifugale krêften dy’t ús dimmekrasy útholje?
Dy stiet of falt neffens my mei betrouwen; wy stelle ús betrouwen op immen dy’t mear doel hat oer in beskaat ûnderwerp as ús yndividewele sels. En wy stelle ús betrouwen op in oar, as bliken docht dat de earste it net wurdich is. Mar wat, as wy net ien ús betrouwen … uh, tabetrouwe. It is in wet fan Meden en Perzen dat immen dy’t gjin betrouwen yn himsels hat, ek net by steat is syn betrouwen op in oar te stellen — wêr’t men neat fan hat, kin men neat fan weijaan, no?
Mar dan freegje ik my ôf …
As de midden fan it boereferstân hieltiten leger wurdt, wêr hoopje al dy lju dan op dy’t it yn ekstremistyske koekeloerim sykje?
Op Superman? Op Batman & Robin? Op Pûtin, Xi, Erdogan, Meloni, Trump of Bolsonaro?
Recente reacties