De kroanprins

Dêrom net, Don foar Gods troane wie faaks wat fier socht fan my. Okee, hy komt nei syn hommels ferstjerren yn ’e hel. Sa better?

“No, jonge,” seit de duvel, “dat treft al singelierse mâl – sûnt Don it foar it sizzen hat, is it hjir in gekkeboel. Oars sein, Don wie myn trouste meiwurker yn ’e ôfrûne fiif jier, myn Kroanprins. Dat myn haadkertier sit sa fol as in eamelersnêst. Mar goed, ik wol dy ek net foar de winige doar komme litte by de konkurrinsje. Want dêr komst der nea ofte ninter yn – dat jou ik dy op in briefke. Ek al hawwe se plak by ’t soad. Watte? Hja hawwe jitte nea safolle leechstân hân yn harren hillige húskes. Hy buorket der langer wakker by yn, sjuch. Dat Hy sit op it heden net sa rom yn ’e Sinten. En hjirsanne skyt it wenstich op ’e grutte bult. Hoe sille wy dit hawwe?”

Hy tocht as de duvel nei.

“Likefolle, ik sil der wol mei rêde. It is op it lêst sa: dy’t mei my skipe is, moat my oanslach jaan. Wy dogge it sa: do moatst mar mei ien omstean. En dy oare skop ik de hel… eh, út – as it net kin sa’t it moat, sa moat it mar sa’t it kin. Is ’t net sa? Hoe liket dy dut?”

De duvel skuorde in doar op. Don seach noch krekt hoe’t Nixon yn in wettergat kneppele, by de wâl op kleau en doe fannijs yn ’e dobbe dondere – al weroan en sûnder ferwin.
“No, nee,” sei Don, “sa wurdt my it hier ommers wiet, ju.”

De duvel skuorde in oare doar op. Dêr stie de jonge Bush te switfeien middenmank withoefolle flintstiennen dy’t er mei in grutte hammer linkenien midstwa houwe moast – der kaam gjin ein fan.
“No, nee,” sei Don, “ik haw it wat oan ’t skouder, sjuch.”

De duvel krige sa njonkelytsen de hel yn en skuorde wrimpen in tredde doar op. Dêr lei presidint Clinton op ’e rêch op in bêd fêstbûn, wylst Monica Lewinsky har oer him hinne bûgde en die wat sy sa’t de hjitting is (ik kin it ek net helpe) it bêste docht – mei de mûle rjucht meitsje wat krûm is.

Don, dy´t tocht dat er ek de duvel noch wol te tûk ôf wêze koe, joech him in koart knikje.
Dy gize ferromme en balte troch de doar: “Hâld mar op, fanke, do wurdst ferfongen.”

Dit vind je misschien ook leuk...