De kroan op it wurk
“Men hat negatyf”, krij ik ynienen op myn festje spuid, “en men hat it abslúte nulpunt. Dyn negativens sjit de permafroast fuort withoefier fan yn ’e blabze, man!”
No, goed, ik sil op posityf. Mar dan fansels al mei ús allen, hin, as lemmings oer it klif …
Hoesa, hoecht mei ús allen posityf noch net te betsjutten dat wy allegearre de klompen op it boerd sette moatte? Ik moast sanedich posityf wêze, net! No, wês jimme dat dan ek, blinder!
Alle minsken wurde bruorren
Mei ús allen hupsakee
Alleman út alle buorren
Mei ús allen yn ’e see.
Wat dêr sa posityf oan is?
Net sa ûnnoazel, ju! Hoechst ommers nea wer belesting te beteljen. Ik neam mar wat! En it tal kankerdiagnoazes giet steil omleech. Dat is ek trewes! En der is gjin bern mear dat fan ’e honger omkomme sil. Is dat net moai! En gjin oarloggen mear! En wat sil it net in merakels dwaan foar it klimaat – hiene jim dêr al om tocht? Alle simmers moai waar en lange dagen! Hahaha! Alle winters Alvestêdetocht! Skarlebarlje oer ’e Styx! Ik haw noch nea sa posityf test … eh, west.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]