De Katalaanske kwestje
‘Kinne jim him net útleverje op grûn fan rebelly’, freget Rajoy oan Merkel, ‘doch it dan mar op basis fan korrupsje, ju. Wat neukt ús dat?’ De man hat faaks noch net foar it ferstân, dat op guon plakken de rjuchterlike macht en de politike al skieden binne.
Hokfoar Jerope libje wy winliken yn anno 2018?
‘Dat nea net wer!’, rôp alleman yn 1945.
En dochs lieten wy Franco, Salazar, Ceausescu, Honecker, de Grykske kolonels (en gean sa mar troch), stiltsjeswei gewurde. Wy hawwe it totalitarisme ealtsjes fergulde en neame it ‘demokrasy’. Wa wie dat ferske ek mar wer fan: ‘Vuile huichelaar … ‘?
[ik haw de namme fan Tito út boppesteand rychje skrast, om’t Kerst Huisman fan ‘e middei fûn, dat it lettere hâlden en dragen fan de man net opwoech tsjin syn fertsjinsten yn ‘e striid tsjin it faksisme ûnder WO II. Dat myn reaksje op it stikje dat Sytze pleatst hie, gong him wat te fier. Klear. Myn ûntskuldigingen! Ik haw ris ien hân dy’t sei dat ‘Hitler ek syn goeie kanten’ hie. Sjuch, dat gong mij te fier. Dy man bea syn ûntskuldigingen net oan. Dus dat wie ek klear]
Dat de memoarje wakker selektyf is, sjuch ik teffens hjir yn Portugal …
‘Wat Puigdemont wol, is tsjin de wet’, roppe se hjir om it hurdst.
De keningsmoard en de Anjerrevolúsje yn ‘e ôfrûne iuw wiene dat net, tink?
Hawar, teken dat ek yn Portugal de fêstige oarder de publike opiny hecht yn ‘e besnijing hâldt. Dêrom net, mar de – neffens de Spanjoalen – omtinken yllegale Restauraasje-oarloch dy’t Portugal yn 1640 begûn (om’t se gjin kriichsfolk leverje woene oan it Kastyljaanske regear yn Madrid en slaan de Katalaanske(!) opstân del), hie nea net te flecht komme kinnen as de Katalanen net sa stiif yn ‘e ankels west hiene.
Oars sein, Portugal hie hjoed jit in provinsje fan Spanje west (lykas Kataloanje), as de Katalanen net sa fûl foar harren ûnôfhinklikens fochten hiene.
De Katalanen rêden it doe net op, de Portugezen al. Mar dat binne se no fergetten: ‘Undogenske Puigdemont!’
En wa wit, oft Nederlân hjoed net in provinsje fan Spanje west hie?
Ommers, troch dy frettende fûl fjuchtsjende Katalanen koe Filips IV (mar twa tellen minder as de hjoeddeistige) lang net safolle troepen nei de Lege Lannen stjoere as er wold hie.
Ik woe mar sizze: in bytsje solidêrens mei de Katalanen soe net ûnaardich figuere, wol.
O ja, dat soe ik hast noch ferjitte …
In argumint fan tsjinstanners fan in ûnôfhinklik Kataloanje komme ek gauris op ‘e lappen mei: ‘It is harren inkeld om jild te dwaan!’
Moai, net!?
Dat argumint jildt net foar de oare kant, tink?
‘Vuile huichelaar …’!
Feministen gean oer liken fon liitse bern, iin
’t memmeliif ta Untermensch forclearre, juh.
GoeDe kânt fon ReagAn wie èk ânti-abortus.
GoeDe kânt fon Tyto alba, ‘ealtsjes fergulde’
Goudoele, tsjerke-ûle neibauwe. Chouânts?
Chouèt. Josip Bros. Partizanen, patriotten.
Separatisme is wier tsjin ‘e wet iin. Bûten
spull sette dus. Oarlogh is iénnichSTe Up-
lossing. En uutspraak Èndlösung mei clam
Foàroan, foàr de goeDe oàrder.