De hûnen fan Pûtlov

It wie yn ‘e jierren ’50 of ’60 dat Seligman en Maier in proef diene mei hûnen. De dierkes krigen elektryske skokken, mar hiene rillegau foar de fernullen dat se dy útsette koene troch mei de snút in hendeltsje oer te heljen.
In oare groep hûnen krige ek skokken, mar gjin hendeltsje en set de skokken stop. Mar de skokken holden ek foar harren op as ien út de earste groep, dy’t se net sjen koene, it hendeltsje oerhelle.
Dat dy elektryske skokken moatte by dy twadde groep de suggestje geande makke hawwe dat it om in natoerferskynsel gong, lykas it waar — it reint al of it reint net.

De hûnen út ‘e earste groep feroaren der net om en wiene nei ôfrin fan it eksperimint wer like fleurich en boartlik as fan âlds.
Wat Seligman en Maier wakker nij die, wie dat de ‘slachtoffers’ út de oare groep har net ferhellen — hja bleaune tenei passyf en depressyf.
Mar de lju fan witnis skuorden eagen op as taffelsbuordsjes by it twadde eksperimint …

Deselde proef, mar no krige de twadde groep ek in hendeltsje dêr’t se de skokken mei útsette koene.
De earste groep sette yn in wûps it hendeltsje om en boarten wer fierder oft der neat te rêden wie. Mar de twadde groep socht net iens om in manear en stop de tamtaasje. It wie oft hja har — troch har eardere ûnderfining yn ‘e earste proef — al dellein hiene by dy force majeure. Passivens wie har twadde natoer wurden.
Sjesa, oanlearde helpleazens.

Ik haw my altyd ôffrege oft de grutte massa soks ek oanleare kin, oft passivens sadwaande de twadde natoer fan in gâns folk wurde kin.
Dat neamde eksperiminten kamen my yn ‘t sin, doe’t…

Watsjo? Friezen? Hoe komme jim dêrsanne by?
Fanwegen it ferske Fryske striid, dat ik lêsten skreaun haw?
Hahahahaha! Dut is prachtich!
Nee, ju, dêr woe ik it hielendal net oer hawwe. Hiene jim dat net ôflaat fan ‘e titel fan dut stikje?

Nee, it kaam my yn it sin troch in fraachpetear op CNN mei in keardel dy’t yn Ruslân opgroeid is en dy’t no yn Amearika húsmannet en dy’t sei…
Sjuch, no bin ik derôf, hielendal fan it sjapiter troch dy nuvere oanslaggen fan jimme. No wit ik it net mear…

Friezen en oanlearde helpleazens. Hahaha, it is wer moai!
Hawar, it is op it lêst sa: dy’t in noas hat, kin mar rûke.

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. D.f.d.Meulen schreef:

    Pavlov — Pûtiin
    Yét Berne Up ‘n Hûnebêd
    ÛntFrieskje-n
    Wjirgh-sex
    Neuntöter wjirger klapekster shreak