10. De Fryske Stoarm
-Wêrom gong dy swijende mearderheid doe ynienen wol hinne en kom yn ‘e wapens?
-Dat is in goede fraach, Nynke. My tinkt dat soks kaam om’t it de measte lju oant dan ta om goed ûnderwiis gong. En oft dat yn geef Hollânsk wie of geef Frysk dat wie har … eh …
-… lape om loarre.
-Lit ús it sa mar sizze, Douwe, ek al hat dat wat in pejoratyf lûd at men it oer taal hat. Mar it wie har allike folle, ja. Salang’t de ûnderwiiskrêften it Hollânsk behearsken, koene de measte lju har wol lykfine mei it op ien taal stuolke ûnderwiissysteem. Mar doe’t hja foar de fernullen krigen dat dyselde learkrêften it raar sitte lieten en de Hollânske taalfeardigens fan har bern hurd yn ‘e delgong rekke, wie de duvel fan ‘t keatling.
-Ik nim oan dat dy minne behearsking fan it Hollânsk ek syn ynfloed hie op oare fakken.
-Dat is sa – dy kamen mei yn ‘e wjerweide. En doe wie it de Friezen ynienen sa klear as de dei: it systeem wie temôge.
Doe wie it ek net mear ôf mei ‘dat luzich oerke’ Frysk wyks, dêr’t safolle trelit om west hie en dat suver foar de helsdoarren weihelle wurde moast – de wei lei foar har: it gânse systeem moast oer de harsens. It bestjoer yn Fryslân siet tusken twa fjurren.
-It regear, tink.
-It regear, ja. Dat hie doedestiids syn sit yn De Haach en woe de saak opkeare. It joech it desintrale bewâld kommandaasje en slaan de opstân del – byneed bluodderich. Mar de hege miters sieten mei de hannen yn it hier, skieten sân kleuren stront … en koene dêre ek gjin waaks fan kôgje. Dat doe’t it folk yn opstân kaam en mei it mes dwers yn ‘e bek (en teffens in list mei tolve fergen) yn tal fan stêden en gemeenten op ‘e doar houde, wie de kûgel samar troch de tsjerke. It regear seach – sa’t it faker die at it nuodlik waard – de oare kant út en doe hie Fryslân de baan rom.
-Mar alle learstof wie yn it Hollânsk, tink?
-Dat foel wat ta, Trycke. It die bliken dat de FFÛ sûnt syn oprjuchting yn de tweintichste iuw alle writen dien hie en set it rûchste fan ‘e learmiddels yn it ûnderwiis digitaal oer yn in foech Standertfrysk.
–Standertfrysk?
-Ja, dat heart wat nuver. Want dat sit net sa bot yn de Fryske lânaard, no? Der wiene withoefolle dialekten en idiolekten. Dy lânaard hat grif mei behindere dat it Frysk as skriuwtaal earder ta flecht kaam. Mar in deftich team baasmannen hie op dat mêd al in moai wurdzepaad slein. Dat it plan dat reelei, koe mei geande weinen útrôle wurde.
-Mar de hoalebewenners dy’t foar de klasse stiene, koene yn guon gefallen net iens Frysk, tink?
-Dêr wie de FFÛ ek op klear, Jan Gerben. Dy learkrêften hiene kar-út út in ryk ferskaat fan omlearderskursussen.
-En wa’t net omleare woe?
-Dy koe tenei moarns moai yn ‘e hoale lizzen bliuwe.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]