De frijdom fan in Fries

– Wat wol Jaap eins berikke?
– Ikke? Berikke? Dat is wat in eksistinsjele fraach, Jan… Ik haw my altyd in bytsje fernuvere oer lju dy’t earne nei ta woene. Dat begûn op skoalle al. ‘Wat sil ik bliid wêze as ik fan dy rotskoalle ôf bin!’ sei immen dan bygelyks. Ik begriep dat net. Dut is faaks de moaiste tiid fan ús libben, tocht ik by mysels. Men hoegde ommers inkeld mar nei de soere gesichten fan folwoeksenen te sjen, dy’t alle dagen hast de helte fan har tiid by de baas ‘fêstsieten’. Guon lju sitte net eigenwillich fêst, mar it mearpart skept syn eigen finzenis.
– Hoe bedoelt Jaap dat?
– Sa’t ik it sis! Want wat diene dy lju dy’t sabeare in grouwéligen hikkel oan it skoallibben hiene? Hja sochten in baas dêr’t sy ier en betiid hinne moasten, om jûns mei de ein yn ‘e bek wer thús te kommen. Hja sochten in faam of in feint, dêr’t sy yn harren ‘frije tiid’ mei yn in kouwe sitte koene. Hja makken oeroeren, want de hier of de hypteek foar dy kouwe moast op it kleed komme. Hja makken bern, en dy bern moasten troch de tiid holpen wurde én… studearje fansels.
– En Jaap woe dat net!
– Wat fammeboel, kouwe en hypteek oanbelanget haw ik myn part ek wol hân, hear. Och heden, wat haw ik net efter myn ereksje oan flein! Brek my de bek net iepen! Mar… hoe moat ik it sizze… ik die wol mei, mar… ik hearde der net echt by. Ik wol wol tajaan dat ik suver wat oergeunstich wie op lju dy’t sa’t skynt bliksemse goed wisten wêr’t it op ta moast — wêr’t se hinne moasten, wat se ‘berikke’ woene en wêr oft dat te heljen wie…
– En dat wist Jaap net.
– It gong mij mear om in gefoel, wol my oan. Hoe moat ik dat no ris útlizze…? Doe’t ik as lyts jonkje by pake en beppe yn Stiens útfanhûs wie, doe fytste ik op in kear net loftsôf It Achterbosk op en de buorren yn, mar rjuchttroch en de buorren út. No, jonge, der gong in wrâld foar my iepen! It wie wat in gnobske dei yn ‘e maitiid, mar dat koe my de barrels net skele. Ik sweefde lykme allinne oer dy smelle dykjes troch de sljuchte greiden, lykas it fûgelt sweefde troch de ûneinich blauwe loft en ik fielde my… foar it earst yn myn koarte libben… mysels! De ljurkjes songen en myn hert song mei. Ik wie ien mei de natuer… Watte? Ik wie ien mei de kosmos en fielde… frijdom. De tiid stie stil. Ik wit net hoe’t ik dat gefoel oars beskriuwe moat. Ik stie op in stuit ek stil, oars wie ik op ‘e harses de Dokkumer Ie yn flein. Ik wit ek net oft Jan my neikomme kin, mar… dat gefoel, dêr giet it my om. Dat sykje ik.
– En, hat Jaap it fûn?
– Ja. Bytiden oerfalt it jin. Dan komt it jin oer. Ik koe bygelyks op bêd lizze wylst de stoarmwyn om ús kouwe gisele en gûlde, en tsjin it wiif sizze: ‘Wat hawwe wy it goed, net? In waarm miel yn ‘e bealch, in dak boppe ús holle en smûk ûnder de waarme tekkens.’ Mar guon hawwe dat net — hja steane net by sokke dingen stil en fine sa’t liket alles fanselssprekkend. Sa wie myn earste frou ek. Hja sei dan: ‘Ach, lis net sa te seuren, ju! Gean sliepen!’
– Dus, sokke amerijen hat Jaap eefkes dat… uh, kosmyske gefoel, as ik it goed begryp.
– Ja, dat haw ik dan. Mar men kin it ek oproppe. As ik withoelang poerlik allinne op see siet, koe dat frijdomsgefoel dagen by my bliuwe. At ik sit te tekenjen of skilderjen, haw ik it ek. Der moat sowieso in lykwicht wêze tusken konsumearjen en kreëarjen neffens my. As ik neat kreëarre haw, kin ik net konsumearje, sis mar. Dan smakket it my net. Sjuch, lju dy’t de hiele dei al foar de baas krewearre hawwe, dy wolle allinnich noch mar konsumearje. Dat begryp ik wol. Ik haw gjin baas, dus by my is kreëarjen it tekenjen of skilderjen fan in petret. It is krekt oft de tiid dan stilstiet, sjuch… oft tiid en romte om jin hinne weifalle. Ken Jan dat gefoel?
– Ja, dat haw ik bytiden as ik sit te skriuwen.
– Just, Jehannes, skriuwen! Dat is teffens myn meast natuerlike ynderlike driuw. As men it litte kin, moat men it perfoarst net dwaan. Mar as men dat gefoel fan frijdom oproppe kin mei skriuwen, dan is it ferslaavjend. Jan begrypt dat. Ik haw ris ien heard dy’t úthold dat er skreau om lêzen te wurden. Dat fûn ik in nuver sizzen. Dat is itselde as eat dwaan om it jild. It binne aardige bykommendhiden, sa net, mar it kinne neffens my nea gjin doelen wêze. Mar dêr wol ik mis mei wêze, hear. Wat foar mij sa is, hoecht foar in oar net te jilden.
– Dus, as ik it goed begryp, is kreëarjen foar Jaap net in doel, mar in middel. Sis ik it sa goed?
– Ja, in middel fan ferfier nei it doel… nei it gefoel… It kosmyske gefoel, haha!
– Oaren hoege Jaaps kreaasjes net moai te finen?
– Dat soe wol aardich wêze, mar it hoecht net, nee. Ik hoech it risseltaat sels net iens moai te finen. It giet om it proses. Myn biedwurd is: Der is gjin wei nei loksfielen, loksfielen is de wei! Sjuch, skriuwen is foar my de poerste foarm fan frijdom. Ik kin ommers skriuwe wat ik wol. Ik bin nearne oan bûn, no? Dat hat men fansels net as men breaskriuwer is, foar in útjouwer fan in krante bygelyks…
O, dat is faaks wol in moai foarbyld, komt my no yn ’t sin. De stikjes dy’t ik foar de fûst wei skriuw, donderje ik allegearre op myn webside www.janblogger.eu. Doe wie der in jier oardel lyn in kranteman dy’t my frege oft er alle moannen in stikje fan my pleatse mocht. Net tsjin in fergoeding, hear. ‘Foar deis frij ljocht en nachts frij klompedragen,’ seid er, as it my goed heucht. No, dat mocht om mij wol. Klear!
Okkerwyks wie der ynienen in oare man dy’t my troch de e-post yn in gearmjuksel fan Frysk en Endemolsk út namme fan de Ried fan de Fryske Beweging te witten die dat myn stikjes net yn ‘it nije profyl’ passe. Ik wit net mear wat de man krekt die by de Rie of wat dy op syn bar oer dy krante te kedizen hat, mar dat kin my ek de barrels net skele. Ik moat my by útjouwers al oan regels en betingsten hâlde. Dat, yn myn frije tiid skriuw ik foar myn frijdomsfielen, hear. Dêr doch ik gjin konsesjes oan.
– No sa!
– Sjuch, as dy rie sa’n nije kânselmafia is — sa’t ik de weach neam dy’t op it stuit oer de wrâld strûst — dan sille myn stikjes ynkoarten ek net mear yn it profyl passe fan Nij Frisia, Tydskrift foar Fryske Striid en Skriftekennisse, of fan dy literêre side… hoe hjit dy noch mar?
– Mar dêr kin Jaap net mei sitte, tink.
– Och heden. It is leaf of net!

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    Ik krij langer gjin oersjuch fan it nijs mear mei de e-post. Dêr hat de Rie sa’t liket ek it near op lein. Der is gjin rie ta! 🙂

  1. mei 23, 2024

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]