De efterlikens fan it frijemerkmeganisme (3)
It saakje moat him al drippe
“As de oerminske it frijemerkmeganisme tapast hie, rûnen wy hjoed de dei noch yn bearefellen” sette ik sa’n oardel jier lyn myn earste stikje oer dut ûnderwerp mei útein. As ik it no fannijs opskriuwe soe, soe ik sizze: As wy dat meganisme gewurde litten hiene, sa hie der no noch gjin faksin foar it SARS-firus west.
Ommers, de private sektor lei syn ûndersyk nei sa’n faksin al yn in iere faze stil — net winstjaand genôch.
Oars sein, it saakje soe him net drippe.
Dat as de oerheid net mei jild (likernôch in miljard dollar yn ’e FS allinnich al) yn ’e foarm fan subsydzjes op it kleed kommen wie, sa hiene wy no noch net faksinearre west.
Publyk = kostepost
Mar goed, dy twa earste stikjes skriuwde ik ferline jier nei’t ik in artikel fan in moanne dêrfoar yn ’e Financial Times yn my omgean litten hie. Dat artikel gong yn ’e pleit foar in sterke oerheid dy’t publike tsjinsten net as kosteposten beskôget, mar as ynvestearrings.
Dochs it liifblêd fan it kapitalisme, dy FT — tink der goed om!
It artikel gong noch fierder, hear, mar de neamde rigels brochten my oan it mimerjen oer myn eigen ûnderfinings yn it nutswêzen doedestiids, doe’t dy bedriuwen mei alle geweld privatisearre wurde moasten. ‘Liberalisearre’ waard dat ek wol neamd. Dat wie it djippe leauwen destiids – in beheinde oerheid en fierders frijemerkwurking.
Wroech komt nei de sûnde
Iksels leaude dêr doe ek yn, hear — dat wol ik wol wêze. Mar ik bekoarre my hurd doe’t ik ienkear foar eigen eagen seach dat wy yn it foar by de oerheid omtinken foarútstribjender west hiene. Ik hie dy private sektor tenei op in pypfol — it wie dêr eangst, fral gjin risiko nimme, slavemoraal en kadaverdissipline.
Hawar, dat haw ik yn dy earste twa stikjes beskreaun. Ik woe no winliken wat djipper yngean op wêr’t dat weikaam, dat frijemerktinken mei in beheinde oerheid.
Ik, sei de gek
Ik sei yn myn earste stikje ûnder dizze titel al: Ik hear de synisy yn harren mangatten it sjitark al laden: Dêr ha wy Jaap wer mei syn nuvere noasjes! No, sa gong dat de Eastenrykse ekonoom Hayek en syn Amerikaanske geastbesibbe kollega Friedman ek fuort nei de Twadde Wrâldkriich.
Net dat ik my ferlykje wol mei dy baasmannen, hear. Oe heden, nee. Hja wisten bygelyks dat it mear as in fearnsiuw duorje soe foar’t har gelyk jûn waard. En sjuch, dy oertsjûging haw ik net. En sa sille der noch ien of twa ferskelen tusken ús wêze. 😊
It neoliberalisme op ‘e heechste merk
Mar it wie sa – hja krigen gelyk, fan Reagan yn ‘e FS (en neitiid Clinton), Thatcher yn it FK (en neitiid Blair) en Pears yn De Nederlannen.
Mar wêr’t neffens my it rotte stee siet yn dy neoliberale ideeën wie de fêste oertsjûging (fan benammen opperteur Friedman) dat de minske dreaun wurdt troch eigenbelang.
Sjuch, en dêr sit neffens my de oast. Want út eigenbelang nimt de minske just gjin risiko. Wat sa moai ûndernimmend neamd wurdt, is yn grûn en wêzen neat mear as saakwaarnimmend, saakwaarnimmend foar oandielhâlders. En oandielhâlders wolle mar ien ding: jild op it kleed — hieltyd mear. Dat is in stielen wet.
Private sektor, in dapper soldaat by de wynflessen
Mar de private sektor en syn oandielhâlders binne nearne te bekennen by in krisis. Rjuchtoarsom, dan binne se op ’e skoai by de oerheid ta de efterdoar yn slûpt en hâlde se de hân op.
Doe’t bygelyks de Amerikaanske bank Lehman Brothers omfoel, wat hat de (beheinde) oerheid doe net in jild yn dy sektor pompe moatten en kom foar dat oare banken ek omfalle soene.
Dat wie De Finansjele Krisis.
En no wer (sa’t ik oan it begjin fan dut stikje opmurk), mei de Kroankrisis, woe de private sektor allinnich in faksin foar it SARS-firus ûntwikkelje mei jild fan … de oerheid — subsydzjes!
Moraal
Sterker noch, dingen dy’t wy no hiel gewoan fine, sa as ús snoadfoan en ús kompjûter mei ynternet, wiene der nea net kommen sûnder jild fan … de oerheid.
Ik wit wol dat it wakker yn ’e swang is en ekstrapolearje krityk op it hâlden en dragen fan in lid fan in minderheid nei de hiele groep.
Sa wurdt wurdt fuort de gânse oerheid delhompt sadree’t in yndividewele topamtner syn eigenbelang prevalearje lit boppe it miene belang (want sok dwaan soe by ússels ommers nea net opkomme at wy in gelikense offysje hiene — dêr binne wy it dochs mar moai oer iens 🙂 ).
Hawar, de goeden moatte it hieltiten faker mei de tsjoeden belije. In nuvere beweging! Ik woe mar sizze: dat erflike ekstrapolearjen ferdistrewearret mear as ús leaf is.
Excellent blog you’ve got here..
It’s difficult to find quality writing
like yours these days. I honestly appreciate people
like you! Take care!!
’t Is oar’s
’t Saakje moàt
Wroegh-wjirm comt nei de sonde
Emoji nei “Ik, said de geck” o’er-dreon
Emoji by “Moraal” makket heakje ta widdo-wees up oare rigel
Dea’rjjnners.