De efterlikens fan it frije merkmeganisme

Efterhelle
As de oerminske it merkmeganisme tapast hie, rûnen wy hjoed de dei noch yn bearefellen…
Hoesa “wol seksy”? Ja hear, wer ien dy´t alles fan ´e ljochte kant besjucht!
Goed, ik sil dy diskear tewille wêze, heite: As it frije merkmeganisme yn ´e oertiid gouwen hie, sa wiene de bearefellen jitte net útfûn. Hoe liket dy dat? 😉

Mar sûnder gekheid, as der ien organisaasje is dy´t o sa behâldend is en it leafste nije tinkbylden opkeart, dan is dat it fêstige(!) bedriuwslibben wol…
Ik hear de synisy yn harren mangatten it sjitark al laden: Dêr ha wy him wer mei syn nuvere noasjes! Har kin ik tsjin sizze (net dat se harkje sille, sa net 😊): ik haw it út eigen ûnderfining! Mar dêr kom ik tenei op.

Catenaccio
Jawis giet soks streekrjucht yn tsjin de hearskjende opfettings, mar wat soalt my dat?
Ommers, wêr kiest men yn it bedriuwslibben troch de bân foar? Just, Jehannes, foar wissichheid – fral gjin risiko nimme!
Tink der goed om, ik haw it oer it fêstige bedriuwslibben, hin – net oer pioniers! Dat binne ûndernimmers. De pommeranten út it fêstige bedriuwslibben neame harrensels allinnich mar sa. Hja binne yn grûn en wêzen gjin ûndernimmers, hja binne waarnimmers – saakwaarnimmers. Hja behertigje oarremans belangen, bygelyks fan oandielhâlders. En oandielhâlders wolle mar ien ding – jild op it kleed.
Dêrfandinne dat saakwaarnimmers alle ballen op ´e ferdigening spylje – catenaccio.

Skyt… eh, skynegalens
Ik wit net oft it noch sa is, mar it hat yn it Nederlân in skoftke moade west en helje pommeranten út it bedriuwslibben nei de oerheid ta. “Voor een frisse wind” hiet it. “Om de bezem er eens flink doorheen te halen”, hahaha! Moai, net. As men de dompergeast yn ´e hûs helje wol, moat men soks fral dwaan.

Iksels haw ris in keppel pensjonearre saakkundigen op it mêd fan telekommunikaasje út Amearika en Kanada wei oerkomme litten. Hja soene ús ûndernimming, dy´t krekt úteinset wie, fan har grutte ûnderfining út mei ried en died bystean kinne. No, dat haw ik witten!
Jawis liket it allegearre wakker amikaal, dat gnizen en gobjen en inoar fuort by de foarnamme neamen, mar de egalens hâldt dêrmei wol op – hja binne folle hierargysker ynsteld as wy dat binne.

Knikkert op ´e kant
Ik bedoel, foar my is in goed idee in goed idee! Oft it no fan in yn ´t sâlt bebiten adviseur komt of fan de kofjejuffer dy´t der krekt ynrinnen kommen is, dat is my allike folle. Amerikanen likewol – alteast, dat is myn ûnderfining – jildt dat net foar.

Oars sein, hja wiene fuort op ien ein as ik harke nei oarreljus ideeën. Hja harken ek wol, hear, mar mei sa´n reachfyn glimke op it antlit, wylst se my mei in skean each yn ‘e smizen holden. Hja waarden lykwols mar watte… eh, fyntsjes 😊 as se merkbieten dat ik dy yn my omgean liet, dy ideeën. Dan wie de duvel yn ´e toer. Dan sieten se fuort neitiid by my op kantoar en drigen stoatersk om werom nei de States.
Dat fleach nea sa hurd net, hear, hoenear´t ik oan ´e skouders loek, mar it hat ek wolris faai stien.

Gas- en ljochtman
Ik leau dat ik dat wolris ferteld haw, dat ik yn ‘e santiger jierren yn Grins studearre.
Ik fertsjinne in grypstehealstoer by mei meteropnimmen foar de gemeentlike nutsbedriuwen oan ´e Bloemstraat en ´e Bloemsingel. Hja fregen my nei ferrin fan tiid oft ik net yn fêste tsjinst komme woe. Doe haw ik myn brân oan ´e wân hongen – dat is te sizzen, myn stúdzjeboeken.

Oft dat no sa ferstannich west hat, ien of twa tentamens foar myn kandidaats, dat is in oar ferhaal. It libben komt jin wolris fan efteren yn, lit ús mar sizze.

Kadaverdissipline
Om koart te kriemen, in jiermannich letter hie ik de administraasje ûnder myn bewâld, in foech hûndert meiwurkers. Want wêr´t ik op ta soe yn dut stikje is, dat ús gemeentlik bedriuw yn ´e njoggentiger jierren yn it ramt fan ´e liberalisaasje fan ´e enerzjymerk yn ´e kloeren kaam fan it bedriuwslibben. En doe die rillegau bliken dat yn it bedriuwslibben folle mear in kadaverdissipline gou as wy ea fan ús libbensdagen by de oerheid wend west hiene…

Dit vind je misschien ook leuk...

3 reacties

  1. D. f.d. Meulen schreef:

    Tiffris, Tis Fris café by de sluus foàr ’t Rembândthuus o’er.
    ’t Is oar’s — Y-grec ig geck, sandhi if Frieske tale-tradiisje.
    Sûnder gekhied, shit-ark fon ’t Wôlden Commando FRL.
    Katania tennis? Catenaccio âlle bâllen up ferdigening?
    Italjaansk. Griiksk Skyth! Korakos! Raven! Duvel! Roek!
    ’n Knickert hat gjin kânt. ’n Mönt, griipste-heäll-sto’er?
    Cadaver-discipels by de O’erhied? Globaliberalisearje.
    Akkoart fon Wassenaar iin 1982. Premier Lubbers CDA
    en Wim Kok FNV èn De’n Uul Lawnferrieders. Dea’666,
    Dictatuer Doctrine GL GrienLofts-Links is BruunRjochts
    PfdArbaidsleazens

  2. D. f.d. Meulen schreef:

    My’n commintaar if fuort?

  3. D. f.d. Meulen schreef:

    Beast der âll hast sawhat uut?