De efterlikens fan it frije merkmeganisme (2)
Wurkers en omrinders
No ja, in foech hûndert meiwurkers is wat in eufemisme, haw ik noed – it jout it idee dat ik ek wat die. Om dat foar te kommen hiene se my no just de baas makke, wol my oan. Dat, it is yn dut gefal de baas en praat fan hûndert wurkers … en ik-sei-de-gek 😊
Prachtlju, allegearre! En allegearre ûngelikens fansels.
Ik wit wol, in goede baas wol inkeld lju dy´t x produksje leverje, mar ik haw leau ik al earder sein dat ik wat in apartenien bin. Der binne yn sa´n grutte ploech bygelyks altyd guodzen dy´t wat mear grapjeie as de oaren – alsa belangryk!
Ja, en guon appelje jimmeroan fan sûnens en oaren binne minder geef bynt, en freegje dêrom wat mear omtinken.
Byldminsken en minskbylden
Myn earste baas – dy´t letter in ûnderbaas waard – sei op in kear tsjin my: Slager hat fierste folle betrouwen yn ´e minsken; njoggen fan de tsien binne dat net wurdich. Wat dat oanbelanget haw ik folle mear minskekennis as jo!
Ik moast dat efkes yn my omgean litte. Wie dat sa?
Doe sei ik: It mei sa wêze dat jo sa grutsk as in hûn mei sân lullen binne dat jo njoggen fan de tsien kear de loarte by de skjinne ein hawwe, en de tsiende fansiden skowe as skea dy´t no ienkear ta it risiko fan it fak beheart. Mar my giet it om dy tsiende; it soe my nammentlik yn ‘e wei wêze, as ik dy tsiende ûnlyk dwaan soe, inkeld en allinne mei´t ik njoggen kear net foar merakel stean.
Foarskotten …
Stil wied er. Wy binne noch altyd stalkes, hear, en hawwe geregeldwei kontakt. En, man, wat hawwe wy mei ús allen in grou stik jild fertsjinne foar de baas. Ik sil in foarbyld jaan …
Wy hiene in lytsferbrûkersadministraasje, húshâldens en lyts- en middenbedriuwen, en in aparte administraasje foar grutferbrûkers. Lytsferbrûkers waarden ienris yn ’t jier ôfrekkene, mar betellen alle moannen in foarskot. Dat lêste wie foar in part fansels om foar te kommen dat se de hiele brot yn ien kear te bestuiverjen hiene en dan net witte soene wêr´t se it wei dwaan moasten. Mar, it wie ek in needsaak foar ús bedriuw sels. Ommers, wy moasten de enerzjy dy´t wy distribuearren, tefoaren risservearje, ynslaan en ôfdokke – helje en betelje.
… en foarsjitten
Doe krige ik de grutferbrûkers ek ûnder my. Dy waarden alle moannen ôfrekkene, mar … efterôf! Dat ik myn ljocht opstekke by oare enerzjydistribúsjebedriuwen. It die bliken … dêr wie it ek sa – grutferbrûkers betellen efterôf …
No ha wy de hichte, sei ik tsjin ús direkteur, dat kostet ús alle moannen in knoarre oan rinte, man! Wy moatte dat jild ommers in moanne earder útjaan – helje en betelje, no – as dat wy it weromkrije. Wat kostet dat net? Allinnich al it sûkerfebryk yn kampanjetiid …
Hoe woe Slager it dan hawwe?
Hoe’t Slager it ha woe? Is der by jo altemets ien it gasfebryk om? De grutferbrûker betelje litte op it stuit dat wy de produsint betelje moatte fansels – foarskot, blinder!
Slager moast it mar dwaan sa´t er it ha woe – alle betrouwen!
Hel en ferdommenis
Doe´t de oare enerzjybedriuwen lucht fan ús plan krigen, skuorden se har de bûsen út – wy soene raar te hjerring farre. Der soe revolúsje komme yn Stad en Ommelanden en wy soene slûpsturtsjend ôfdrosse moatte.
Benammen it kommersjele(!) bedriuw dat ús gemeentlik bedriuw neitiid oernimme soe, seach de begangel al, fan Slager en dy. Wat in nju, ju!
No hie ik poertafallich in ploech lju dy´t troch al dat lekskoaien earst goed op ´e gleed kaam en der plat foar lizzen gong.
Dat doe´t alles yn syn krêft siet, skreau ik al ús grutte ôfnimmers in koart brief dêr´t ik yn útlei dat se de oare moanne ien(!) kear dûbeld betelje moasten, want … dus en sa.
Efterlikens fan it bedriuwslibben
Ik leau dat ik ien(!) direkteur oan it tillefoan krige haw dy´t tsjin ús plan yn ´e wapens komme woe. Dy haw ik doe útnûge om it by my op kantoar te bepraten. Hy stjoerde syn finansjeel direkteur. Dy haw ik it doe jitris mei houtskoal en kryt útlein. Samar klear!
Dut is mar in foarbyld fansels.
Mar doe´t ús bedriuw, dat yn tsien jier tiid fan ôfstallige ko útgroeid wie ta molkpûde fan ´e gemeente, in jiermannich letter fan it kommersjele bedriuwslibben oernommen waard, waard alles wat wy mei ús allen fan ´e grûn ôf ophelle hiene, oan dyselde grûn wer tabetroud.
En der mocht neat mear – alle ynisjatyf waard fuort deabruid! Alles moast ynienen via de lijn. En út dy lijn kaam nea ofte ninter wat werom – alles stoar yn it swarte gat fan ´e hierargy.
Mei oare wurden, in hoeraatsje foar it frije merkmeganisme 😉
PÖNTSJES loss mei spaasje foàr èn nei.
W&O. wurkers …
Foàrscotten … (…) ’n foàrbield jaan …
… foàrshitten
… mar … ’t Die bliken … (…) äfterôff …
Hell, wânt … dus en sa.
W&O. … sa’n (ien wörd) greote ploegh.
Brecking oanjoen? Better to lêzen /…
Biild-, bield-ménsken, ménske-kinness.
’t Friesk sayt beide kearen “kinne” – kenne = keunstmjittigh.
StalkeN? Scalken, Marsjesee, Vestalicus? Asty, stêd.
Distribúeärre-n, -úsje (sitewaasje? Febrewaris)
… foàrshitten. … werom krije, loss? Greot-ferbrûkers.
’n Nju, juh! Joh, joch-ie, jonge.
Efterlikens. D’t? D’t is mar ‘n(!) foàrbield. Gemiente?
De “lijn” is line, koers, ’t plân? Explicatiö? Hiër?argy.
Productiö-lijn? ’n Swart gât foll inisiativen …
Tige tank!
“Via de lijn” bedoelden se mei: de fertikale, hierargyske line.
Hiëroglyfen, hiërarghisk mei ‘n(!) Trema!
Brecking oanjoen mei teken up letter?
Sytze hat my lêsten op Taalweb.frl wiisd. Dêr stiet ek in Foarkarswurdlist op. Moai, net! Dy wurdlist jout my gelyk – hierargy. Hoe no?
W&O. … sa’n (ien wörd oan-‘n-oàrren) greote ploegh.
Dân mar per stick, âs it nèt iin ien kear kin, dân (!) …
Sa´n! Mear oaninoarren haw ik net!
Nim my net kwea-ôf, Dauwe, mar ik sjuch it ferskeel yn dut ferbân net tusken “sa” en “dan”. Ergo, explicatio!